• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Dammer Kooistra docht gjin missette

    Yn 'e earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul die fuortendaliks al bliken dat der yn 'e kampioensklasse in skerpe kleau is tusken in fjouwertal mindere goaden en it sterke kwartet Taeke Kooistra (Hartwert), Jelle Wiersma (Wommels), Foeke Tiemensma (Frjentsjer) en Marten Walinga (Waaksens). Yn 'e tredde omloop moasten dy damkanonnen tsjin elkoar, en doe kaam ek it earste puntferlies. Tiemensma en Wiersma spilen kamptsjininoar, en Walinga ferlear fan Kooistra, sadat de hjoeddeiske kampioen fuortdaliks de kopposysje ynnaam. Ofrûne sneon wie it programma yn Skearnegoutum sa dat it fjouwertal wer ien fan 'e swakkere bruorren trof. En dus wie de opdracht om beleaven gjin flaters te meitsjen.

     

    Dy flaters kamen der de moarns lykwols al. Tiemensma kaam tsjin Tsjerk Wijbinga (Arum) net fierder as kamp. In folle gruttere klap krige Jelle Wiersma te ferarbeidzjen. Hy moast it opnimme tsjin de noch puntleaze Henk Haanstra. De Aldegeaster stelde him lykwols goed tewar, en kaam yn it einspul sels in hout foar, en dat bliek genôch foar in tige ferrassende oerwinning. Underwilens hie Walinga tsjin de Snitser Sjoerd Jan Bakker in dreech einspul foar de kiezzen, mar syn iene ekstra houtsje sleepte him der troch. De laitsjende fjirde man wie koprinder Taeke Kooistra, want broer Cor bliek net opwoeksen te wêzen tsjin de komplikaasjes dy't de hjoeddeiske kampioen yn 'e stân befrissele hie.

     

    Yn 'e fyfte omloop wie alles wer normaal. It wie no Taeke Kooistra dy't mei de measte tsjinstân te krijen hie, mar Tsjerk Wijbinga moast úteinliks dochs belies jaan. Kooistra bleau dêrmei boppeoan stean. In garânsje foar it fuortsetten fan it kampioenskip is dat lykwols net. Oare wike yn Aldegea moat er him yn 'e beide lêste omlopen bewize tsjin Tiemensma en Wiersma. Underyn binne der ek noch fjouwer kandidaten foar twa degradaasjeplakken, dat de spanning is optimaal.

     

    Dy spanning is der yn 'e twadde acht wol wat út. Siebe Walinga (Aldegea) hat oant no ta alles wûn, dat dy sil wol omheech gean. Wa't him beselskipje sil, wurdt útmakke troch Folkert Groenveld (Jutryp) en de Ljouwerter Hein de Vries. Yn 'e tredde acht hawwe Willem Hoekstra (Aldegea) en Fedde Wiersma (Easterein) foar promoasje genôch oan ien heal puntsje.

     

    Utslaggen en stannen fjirde omloop kampioensklasse: Cor Kooistra (Nijlân) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Tjerk Wijbinga (Arum) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 0,5-0,5; Henk Haanstra (Aldegea SWF) - Jelle Wiersma (Wommels) 1-0; Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1. Fyfde omloop: Taeke Kooistra - Wijbinga 1-0; Tiemensma - Cor Kooistra 1-0; Wiersma - Bakker 1-0; Walinga - Haanstra 1-0.

    Stân: T. Kooistra 5-5; Tiemensma en Walinga 5-4; Wiersma 5-3,5; Wijbinga 5-1,5; Haanstra 5-1; Bakker en C. Kooistra 5-0,5.

     

    Fjirde omloop twadde acht: Willem Schaap (Dearsum) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0; Sjoerd Couperus (Snits) - Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1. Fyfde omloop: Hoogterp - Tijssen 0-1; Groenveld - Schaap 0,5-0,5; Dijkstra - Couperus 1-0; Walinga - De Vries 1-0.

    Stân: Walinga 5-5; Groenveld en De Vries 5-3,5; Hoogterp, Schaap en Tijssen 5-2; Dijkstra 5-1,5; Couperus 5-0,5.

     

    Fjirde omloop tredde acht: Piet Sikma (Hartwert) - Fedde Wiersma (Easterein) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1; Klaas Wiersma (Nijbeets) - Siebren Dyk (Jorwert) 0-1. Fyfde omloop: Fedde Wiersma - Westra 1-0; Hoekstra - Sikma 1-0; Rindert Walinga - Klaas Wiersma 0-1.

    Stân: Hoekstra en F. Wiersma 4-4; Dyk 4-2; Kl. Wiersma 5-2; Walinga 3-1; Westra 4-1; Sikma 4-0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Lip en partners
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch