• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Yn in spannende partij diele se de punt.

    In punt diele. Dan bliuwt der net folle oer. In healtsje mar. Yn it fryske spul wie men dat altiten wend. Der ha wol ris tiden west by de Strikers dat men ek twa punten helje koe. Dan krige men in boanus omdat der wûn wie fan in dammer út in hegere klasse. Dat systeem en dy yndieling ha de Strikers ferlitten. Se spylje no allinne yn de eigen klasse. As jo dan winne krije jo in punt en by kamp in healtsje.

     

    Sa’n healtsje fertsjinnen Hennie de Haan en Bauke Bos. Beide wiene se der wakker mei ynnommen, mar neffens de skriuwer Hennie dochs wol it meast. Sa faak bart dat net dat se de man út Sint Nyk in heal puntsje ôfsnobbet. Meastal naait Bauke der mei de folle bút út. Yn in stân acht om acht wie der noch net sa’n soad fan te sizzen. Beide makken se gjin flaters en koenen se elkoar lokwinskje mei de heale punt.

    It wie op it nipperke wat de tiid oanbelanget. Altiten is it oerwurk net Wynia’s grutste freon. Hy hie der foaral ek net langer oer dwaan moatten oars hie er op de klok ferlern. No pakte er De Boer. Dat is gewoanwei faak oarsom.. De Boer hie oars ek noch rom tiid om alles efkes troch te koekeloeren, mar nee hy hold de gong der goed yn en koe fansels yn de lange tinktiidfan syn tsjinstanner syn setten wol útdokterje. Dat slagge diskear dus net. Wy sile mar sizze dat it de master misse kin.

     

    Ferline wike ferprutste Ype in heale punt, omdat er út in fierders ferliezende stân noch winst besocht te heljen. Moandeitejûn hie er de folle punt foar it gripen. Hy hie yn in moai spul tsjinstanner Cor Kooistra aardich by de poat. De lêste koe mei twa achter noch krekt in daam helje, mar Ype koe twa fan dy petmannen helje. Mar dêr wachte er mei om earst noch in oar houtsje nei foaren te striken en dat koe ek bêst, want Kooistra hie eins gjin poat mear om op te stean. Oant it momint dat Ype in fatale streek die. Ien fan de takomstige pet mannen skode er  sa mar foar de fijanlike daam. Kooistra hie der net op rekkene en seach it earst ek noch in skoft oer de kop. Oant it momint dat er ta sloech en dat betsjutte fuortendaliks kamp. In gelokje foar de foarsitter.

     

    Utslaggen: Ype Boelens – Cor Kooistra ½ - ½; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoerd jan Bakker – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke de Boer – Rients Wynia 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos ½ - ½; Tsjerk Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch