• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Fryslân Iepen fan woansdei oant en mei freed 16-19 maart

    Fryslân Iepen fan woansdei oant en mei freed 16-19 maart, mei de grutmasters as finale freedtejûn en sneon 19 maart oerdei, en dêrneist sneon 19 maart oerdei in iepen toernoai FRYSK!, oftewol: fiif houtsjes tsjin fiif houtsjes.

    Alle bûtenlânske dammers fan Fryslân Iepen 2016 dogge ek mei oan dit toernoai FRYSK!, en wy wolle der graach in grutte happening fan meitsje. Dêrom hawwe wy de boppefoyer fan de Koornbeurs ôfhierd, dêr’t plak is foar 50 dammers of mear. Wy dogge dan ek ús bêst om safolle mooglik ynternasjonale dammers út Fryslân en Nederlân hjirby te krijen, mar dan moatte wy sels ek presint wêze!

    It toernoai FRYSK! begjint omt 10 oere, tagelyk mei de twadde omloop fan 'e Grutmasters yn it Stedhûs. It Stedhûs sit lyk foar de Koornbeurs oer, en wy sykje it sa út, dat tusken de middei alle dammers eefkes skoft hawwe, sadat de dielnimmers oan it toernoai FRYSK!, as se dat wolle, ûnder iten eefkes byprate kinne oer hoe’t it giet by de grutmasters. En ek dizze kear binne de partijen wer live te folgjen op ynternet, dus ek yn 'e Koornbeurs binne de partijen te sjen.

    It toernoai FRYSK! bestiet út 8 omlopen mei elk 10 menuten op ’e klok, mei hieltiten 10 sekonden derby foar elke set dy’t spile is. De moarn en de middei geane dermei hinne.

    De sneins 20 maart hawwe wy dan it earste offisjele Wrâldkampioenskip FRYSK!, en dus ek it earste offisjele wrâldkampioenskip damjen neffens de Fryske regels. De twa lannekampioenen fan dit momint dogge mei (Foeke Tiemensma foar Nederlân en Petra Dušková foar Tsjechië), de acht grutmasters fan sneon, en de seis boppesten fan it toernoai FRYSK! fan sneon 19 maart. Jo kinne jo dus de sneons pleatse foar it wrâldkampioenskip op snein! (Mar as jo by de boppeste seis útkomme, is it fansels net ferplichte om de sneins mei te dwaan.)

    Jo kinne jo foar it toernoai fan 19 maart noch oan it lêst ta opjaan, mar it is wol sa: fol is fol, en dy’t earst yn ’e roef komt, hat kâns fan plak.

    Foar it toernoai Fryslân Iepen 2016 (16 oant en mei 18 maart) binne hast alle plakken foar dammers fan it Dambûn Frysk Spul noch beset, en op 1 maart slút de ynskriuwing.

    De partijen fan it Fryslân Iepen sille wer allegear live op ynternet te folgjen wêze, en dizkear is der ek livestream mei webcams, sadat jo thús sjen kinne wat der bart yn Frjentsjer.

    Binne der fragen, lit it dan foaral witte, en oars: jou jim gau op foar it toernoai FRYSK! op 19 maart.

    Hertlike groetnis, ek fan Marten,

    Liuwe



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch