• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Eltsenien is wolkom

    It groepke Stadige Strikers wie net sa grut. Twa moasten ôfheakje fanwege sykte en de foarsitter wie mei fekânsje. Dochs wiene der genôch dammers want dizze jûn hiene wy ekstra dammers op ‘e klup fan ferskate oare klups. Tsjerk Wijbinga fan de Hartwerter klup moast foar de Fryslân cup tsjin Stadige Striker Jelle Wiersma en dêrom wie Mister Fryslân cup Jappie de Jong fan de klup fan Blauhûs efkes sjen hoe’t de mannen it der fan ôf brochten en ek in dammer fan in Hollânske klup kaam efkes by ús moaie spul sjen en dizze man krige wat útlis oer de spulrigels. Omdat de Strikers, dy’t foar de kompetysje damje moasten mei in ûneven oantal wiene waard it foarstel oannommen dat Sjoerd Jan Bakker simultaan damje soe tsjin de heechsten út de twadde klasse, Bauke de Boer en Bauke Bos, omdat dizze klasse al út is en no foar de woarstekompetysje damje sil. Nei in kertier kaam Jelle Wiersma efkes sjen hoe’t de mannen it der fan ôf brochten en sei ferheard tsjin de âldste Bauke: “Binne jimme al út?” Doe makke Rients Wijnia de heldere opmerking: “Ja, dêr kin ik it mei iens wêze.” Dizze Wijnia hat oan it ein fan dit damskoft syn âlde foarm werom, mar dêroer aanst mear. En ja, de partij wie út. De Boer kaam net goed út de iepening en de partij wie binnen tsien minuten út. De oare Bauke makke it Bakker aardich dreger. Sa dreechdar er yn in stân fan acht tsjin acht al de opmerking makke: “de frou sil grif freegje: hoe hast damd? No ik ha ferlern tsjin Bauke Bos.” Oft er dan straf krije soe wit de skriuwer net, mar wol dat Bosgjin moederaasje hie mei de swipe fan Frou Bakker. Dochs koe de swipe yn de hoeke fan de keamer fan it nije hûs fan de femylje Bakker stean bliuwe want Bos kaam krekt in streek tekoart en ferlear de partij. Wijnia pakte op in moaie manier Tsjerk Wiersma. Wiersma sette in houtsje op slech en Wijnia die in frije set. Wiersma sloech en Wijnia sloech mei ien slach acht fan de njoggen houten fan Wiersma en de partij wie út. Ype Boelens miende dat er in daam helje koe tsjin Willem Schaap, mar dit koe net. Sadwaande ferlear hy de partij. Doe’t de measten út wiene, wiende de beide mannen foar de Fryslân cup noch drok yn aksje. It wie mûsstil en elts seach mei ynteresse nei de beide toppers. Wijbinga hie tiid tekoart en hjir helle Jelle foardiel út en wûn de partij.
     
    Utslaggen:
    Tsjerk Wiersma- Rients Wijnia 0-1
    Sjoerd Jan Bakker- Bauke de Boer 1-0
    Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos 1-0
    Ype Boelens – Willem Schaap 0-1
    Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbinga 1-0


    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch