• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Twa froulju binne dy Bauke Bos net te
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It rint nei de ein mei de dammerij.

    Sa no en dan kin it foarkomme dat der sa mar in oantal dammers net binne. Dat wie moandeitejûn ek it gefal. Twa dammers moasten ôfheakje om’t se siik wienen. En in bestjoerslid moast haljetrawalje  mei in sike kat nei de bistedokter. Dat sadwaande skoden der mar njoggen dammers oan om in partij te damjen. Yn groep twa rint it echt nei de ein mei it damjen. Elk hat de kompetysje spile en dogge no noch in goai nei it lekkere neigesetsje: de neikompetysje mei drûge woarsten as priis.

     

    Yn de heechste groep waarden der twa echte partijen spile. Better sein de iene wie echt en de oare wie gau bekeken. Om mei de lêste te begjinnen hjir it ferslachje. De partij wie tusken Cor Kooistra mei wyt en Jelle Wiersma mei swart. Oan beide kanten kaam de lange hoeke derút. Dêrnei kaam der in protte druk op Kooistra syn lange hoeke. Hy seach mooglik ek wat tefolle apen en bearen, mar de ferfolchstreken wienen net goed. It waard in partij, dy’t eins gjin partij hjitte koe. Jelle kaam al gau in houtsje foar en it spul wie spile. Tusken Sjoerd jan Bakker en Willem Schaap rûn it hiel oars. In moai lykopgeand spul. Mar by eintsjebeslút kaam Willem der dochs noch better út. En yn in fiif om fiif stân koe Bakker de bakker en slachter wol ôfsizze.

     

    Tsjerk Wiersma hie in prachtige jûn. Earst naam er it op tsjin twa tagelyk: Hennie de Haan en Bauke de Boer. Dan doare jo wol fansels. It damjen gyng prachtich, mar Wiersma ferlear se wol allebeide. Dêrnei spile er tsjin Rients Winia. De lêste die tagelyk tsjin Hennie de Haan. Hennie ferlear, mar Tsjerk wie taai en fersloech mei it nedige kommentaar de man út Boalsert.

    Tineke ferlear yn de earste omloop fan Winia en spile dêrnei kamp tsjin De Boer. Allegearre wienen se al wat yn de sfear fan it fluchdamkampioenskip freedtejûn yn it Swettehûs.

     

    Utslaggen. Cor Kooistra -  Jelle Wiersma  0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 0 – 1; Rients Wynia – Tineke Teigeler 1 – 0 ; Tejerk Wiersma – Bauke de Boer 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke de Boer – Tineke Teigeler ½ - ½; Rients Wynia – Hennie de Haan 1 – 0; Rients Wynia – Tsjerk Wiersma 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Walinga
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch