• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma fluchdamkampioen

    Jelle Wiersma haf it kampioenskip fluchdamjen op syn namme skreaun. De Wommelser wûn ôfrûne freed yn Skearnegoutum yn alle sân omlopen. Twadde waard Foeke Tiemensma (Frjentsjer) mei 6 punten. Marten Walinga (Waaksens) en Taeke Kooistra (Hartwert) kamen op 5 punten út. 

     

    De fjouwer toppers fan it persoanlik kampioenskip fan dit jier lieten dêrmei sjen dat se ek yn it flugge spul, mei mar 10 menuten tinktiid, ta de aldersterksten hearre. Yn dat ferbân wie it opmerklik dat Kooistra's soan Sjoerd Taeke, dy't yn 'e twadde klasse yndield wie, 5,5 punt byinoar damme. Dêrmei helle hy yn 'e totale rangskikking it tredde plak.

     

    Opfallend wie ek it optreden fan de sterke "Hollânske" dammer Jan van Dijk út Oerterp. Hy hie him noch nea by in wedstriid yn it Frysk damjen sjen litten, mar hy hie him blykber al yn dit foar him frjemde spultsje ferdjippe, want hy kaam kreas út yn 'e middenmoat mei 3,5 punt. Hy wûn dêrmei de tredde klasse, yn 'e mande mei Jeljer Westra en Herman Terwisscha van Scheltinga.

     

    Einstannen earste klasse: 1. Jelle Wiersma 7 punten; 2. Foeke Tiemensma 6; Taeke Kooistra en Marten Walinga 5.

    Twadde klasse: Sjoerd-Taeke Kooistra 5,5; Willem Schaap 5; Manfred de Wolff en Liuwe Westra 4; Jappie de Jong 3,5.

    Tredde klasse: Jan van Dijk, Jeljer Westra en Herman Terwisscha van Scheltinga 3,5; Bouke de Boer 3.

     

    Totaalútslach fan de 33 dammers neffens it behelle tal punten:

    7: J. Wiersma.

    6: F. Tiemensma.

    5,5: S.J. Kooistra.

    5: T. Kooistra, M. Walinga en W. Schaap.

    4,5: H. Haanstra, C. Kooistra, Tj. Wijbinga en S. Walinga.

    4: F. Groenveld, H. de Vries, F. Wiersma, M. de Wolff en L. Westra.

    3,5: J. de Jong, J. van Dijk, H. Terwisscha van Scheltinga en J. Westra.

    3: J. Boschma, H. Postma, S. Dyk, M. Altena, B. de Boer en M. Zeinstra.

    2,5: B. Bos.

    2: P. Borghaerts, J. Nauta, E. Bootsma, S. Kalsbeek, H. de Haan en T. Teijgeler.

    1: L. Altena.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    Dizze webside is mei mooglik makke troch