• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De iene Bauke pleage de oare

    Alle spullie wiene gau út dizze jûn. Tineke Teigeler en Tsjerk Wiersma wiene as earste út yn it foardiel fan de lêste. Rients Wijnia stie doe al ien achter tsjin Hennie de Haan en aksele noch lang tsjin. Hennie hie, sa sei se sels, de macht en nei in genedeslach, wêr’t se, lokkich foar har, gjin missers makke, wie de partij út. Bauke Bos en Bauke de Boer hiene ek in fraai spul. Bos kaam wat dreech troch de iepening en stie op skerp. De Boer koe in daam krije en dit hie syn tsjinstanner wol sjoen, mar wie neffens him gjin probleem. De Boer die it en rekke in houtsje achter, mar tocht dat de daam dêr wol moai stie. Lykwols koe Bos de daam fuortendaliks wer krije en bleau it houtsje foar en wie doe yn hâlders hân. Nei wat spinpoatsjen fan De Boer wûn de oare Bauke de partij. It spiet De Boer dat er sa happich wie om in daam te heljen, want dit hie better net kinnen, sa sei er nei de tiid, mar ja, it liket sa moai om in grouwe daam te heljen. De iene Bauke pleaget de oare Bauke, sa sei in oare spiler, mar ja, dat heart sa yn ús spul. Yn de heechste groep wiene trije spilers. De foarsitter wie nei Hartwert te damjen foar twadde heale finalepartij fan de Fryslân Cup. Ype Boelens makke de kar om dizze jûn simultaan te spyljen tsjin de oare beide mannen, Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap foar de woarstekompetysje. Tsjin de earste wie Boelens wat te hastich en rekke al gau tw achter. Lokkich foar him stie Bakker der wyld op en letter yn de partij koe hy trije jaan en seis pakke en sa wûn hy de partij. Tsjin Willem Schaap wie it oars. Schaap stie in houtsje foar en helle twa dammen, wylst Boelens gjin daam mar allinne houtsjes hie. Sa duorre dizze partij ek net sa lang sadat om tsien foar njoggenen alle partijen al út wiene, wêrnei noch wat foar de aardichheid damd waard, om de froulju en manlju thús net sa bot skrikke te litten omdat men oars folle letter thús is.
     
    Utslaggen:
    Tsjerk Wiersma – Tineke Teigeler 1-0
    Rients Wijnia – Hennie de Haan 0-1
    Bauke de Boer – Bauke Bos 0-1
    Ype Boelens – Willem Schaap 0-1
    Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 0-1


    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch