• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Ynternasjonale spilers kamen yn 'e kunde mei Frysk damjen

    It grutmastertoernoai yn Frjentsjer belibbe dit jier syn earste lustrum, en dat wie foar de organisearjende damklup "De Rûge Wolf" fan Lollum-Waaksens oanlieding om der diskear wat spesjaals fan te meitsjen. Dêrta wiene fjouwer ynternasjonale damkanonnen útnoege om yn 'e kunde te kommen mei de Fryske fariant fan it damspul. Dat hat de hearen sa't it liket goed foldien. Gantwarg neamde it Frysk damjen dan wol "a bloody game", mar dat sloech op it feit dat der eins nea in remize út rûgelet, en wie fierders net kwea bedoeld.

    Fan de ynternasjonale gasten is Anatoli Gantwarg grif de bekendste. De Wyt-Rus hat it fjouwer kear ta wrâldkampioen yn it ynternasjonale spul skopt. Yn rûnten fan Fryske dammers ek net alhiel ûnbekend is Michele Borghetti. De man is trije kear kampioen fan Ytaalje wurden yn it ynternasjonale spul, en mar leafst 11 kear yn 'e Ytaljaanske fariant. Op in tinksportbarren yn Praach hied er him al ris oan it Fryske spul weage. Leopold Sekongo, kampioen fan Yfoarkust, wie dêrfoaroer in folsleine frjemde yn it Jeruzalem fan it Frysk damjen, en dat soe dizze dagen ek wol bliken dwaan. It ynternasjonale kwartet waard kompletearre mei Hans Jansen, dy't trije Nederlânske kampioenskippen efter syn namme stean hat.

     

    Om de mannen wat op gleed te helpen, krigen se op freed 5 april earst in masterklasse oanbean. De sneontemoarns mochten se dan wier los yn in fjouwerkamp tsjin harsels. Dêr die bliken dat wat ekstra tarieding fertuten dwaan kin. De Ytaljaan Borghetti hie it Fryske spultsje dus al ris earder spile, en dat foardiel betelle him út: hy wûn de trije partijen allegearre. Hans Jansen fertelde dat er fia de webside friesdammen.nl de damrubriken fan Folkert Groenveld bestudearre hie. Dat kaam dus ek fan pas: hy moast allinne de holle bûge foar de Ytaljaan. Gantwarg rêde úteinliks de Wyt-Russyske eare troch fan Sekongo te winnen. Einstân: Borghetti 3 punten, Jansen 2, Gantwarg 1 en Sekongo 0.

    De middeis diene de mannen mei oan it einspultoernoai fan fiif tsjin fiif houtsjes. Sekongo ferlear alles, sels fan Siward Walinga dy't sa jong is dat er noch mar kwealik oer de tafel hinne sjen koe. Mar Gantwarg en Borghetti kamen binnen it Switserske systeem tsjin Fryske dammers dochs mar even ta 2,5 punt, en Jansen helle sels 3,5.

     

    It einspultoernoai waard oars wûn troch Folkert Groenveld, al moast dêr noch al in beslissingswedstriid tsjin Tsjerk Wijbinga foar oan te pas komme. Cor Kooistra (3,5) en Germ Terpstra (2,5) kamen yn 'e heechste groep tsjin harren krekt even te koart.

     

    Oare einstannen neffens spylsterkte wiene:

     

    Groep III
    1. Fedde Wiersma 3,5
    2. Dicky van der Meer 3,5
    3. Harmen Westra 2,5

     

    Groep IV
    1. Bauke Dijkstra 2
    2. Sjouke Schilstra 2
    3. Liuwe Westra 2

     

    Groep V
    1. Rindert Walinga 2,5
    2. Herman Bakker 2
    3. Jan Nauta 1,5
    4. Siward Walinga 1



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch