• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • De Stadige Strikers einigen mei in gűcheltrúk.

    Sa no en dan barre der wol ris saken, dêr’t men yn it foar gjin weet fan hat. De lêste damjûnstie op it punt om te begjinnen mei in praatsje fan de foarsitter, doe’t ien fan de âldere Strikers de foarsitter yn it ear flústere, dat er graach in gûcheltrúk dwaan woe. Yn it praatsje waard fansels yn it foarste plak noch efkes stil stien by it hichtepunt it beheljen fan it klupkampioenskip. Elkenien wurdt dan wer sa bliid as in protter.En der koe meidield wurde dat der dizze jûn in act toand wurde soe troch ien fan de eigen Strikers. 

     

    Der waard yn trije groepkes fan fjouwer damme. Alderhande fariaasjes kamen op de buorden: In hiel spul, earst kwyt, frysk en damje op it skaakboerd. Nei de earste omloop wie dan it optreden fan de gûcheler: Rients Wynia. Hy pakte in lúsjefersprikje. No bewearde er dat datselde prikje op syn wiisfinger stean koe sûnder it beet te hâlden. Dat leauden de measten sa ien twa trije net. Wynia sei: “Ik moat noch efkes wat ophelje!” Hy kaam werom mei in leppel en in foarke. Dy tsjoende er sa’n bytsje yn inoar. Doe stuts er it prikje klem tusken de foarke en leppel yn. It oare ein fan it prikje kaam op de bewuste finger te stean. En ferdoarje it lúsjefersprikje stie op  it topke fan de finger sûnder der ôf te fallen. Foto’s waarden nommen en der folge in daverjend applaus. Foar't de twadde omloop ferspile waard, romme men earst tiid yn foar it útdielen fan de neikompetysjeprizen. Yn de twadde groep hie men allinne dizze kompetysje spile. 1 Rients Wynia; 2 Tsjerk Wiersma; 3 Bauke de Boer. De mannen fertsjinnen drûge woarsten. Nei it damjen wie it tiid foar it lotsje ferkeapjen en it lotsjen sels. De meibrochte prizen krigen allegearre in oare eigener. De haadpriis, in prachtige, moai opmakke taart fan Tineke Teigeler, wûn ús nestor Bauke de Boer. De tredde omloop ferrûn like gesellich as de twa foarôfgeanden. Dêrnei lies de foarsitter de einstannen foar.Groep 3: Rients Wynia; 2 Tineke Teigeler; 3 tsjerk Wiersma; 4 Marjolijn Bakker. Groep 2: 1 Ype Boelens; 2 Bauke de Boer; 3 Bauke Bos; 4 Hennie de Haan. Groep 1: 1 Jelle Wiersma; 2 Cor Kooistra; 3 Willem Schaap; 4 Sjoerd Jan Bakker.

     

    De hiele jûn hiene de kompetysjeprizen al op it biljert stien te pronkjen. No wie it momint oanbrutsen om dy lauwertekens by de terjochte priiswinners te krijen. Guon witte fansels stipt hoefolle punten se ha. Oaren ha der fierders gjin weet fan. Foar de trije heechsteinegjende spilers wie der in beker. Hjirûnder stiet de folsleine einstân, dy’t ús kompetysjelieder, Willem Schaap, ús foarlies. De prizen gongen fansels yn de hannen fan de winners mei de hertlike lokwinsken. Groep 1. 1 Jelle Wiersma 11 út 13; 2 Willem Schaap 9 út 15; 3 Cor Kooistra 8,5 út 14; 4 Bauke Dykstra 6,5 út 15; 5 Sjoerd Jan Bakker 5,5 út 15; 6 Ype Boelens 2,5 út 14. Groep 2. 1 Bauke Bos 11,5 út 15; 2 Bauke de Boer 11 út 15; 3 Hennie de Haan 7 út 15; 4 Rients Wynia 6 út 15; 5 Tsjerk Wiersma 5,5 út 15. 6 Tineke Teigeler 4 út 15.



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch