• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Bekerfinale en it frouljuskampioenskip

    En de winners wiene Jelle Wiersma, Tineke Brander en Siebren Dyk

     

     

    Kluphûs Sie Sa yn Blauhús foarme ôfrûne freed in sfearfolle entûraazje foar in prachtige ôfsluting fan it damseisoen. Yn mar leafst trije sealen spilen har likefolle barrens ôf: de finale fan it bekertoernoai, it frouljuskampioenskip, en in einspultoernoai FRYSK.

     

    Hichtepunt wie fansels de einstriid fan it troch de Blauhúster damklup organisearre bekertoernoai. Elke moanne waard dêrfoar yn 'e ôfrûne winter in omloop holden, en úteinliks wiene allinne noch Taeke Kooistra en Jelle Wiersma oerbleaun. De beide matsjedoaren waarden ûnder begelieding fan har favorite muzyknûmer yn 'e seal laat,  dy't troch "De Skyfkes" omboud wie ta in wiere arena. Neidat it Frysk folksliet man- en froumachtich meisongen wie, koe it los. 

     

    De partij tusken Wiersma en Kooistra wie in finale wurdich. Der siet fan alles yn, mar úteinliks luts Wiersma wol oan 'e langste ein. Dêrmei mocht er him de alderearste bekerwinner yn it Frysk spul neame. Hy sil ek net de lêste wêze. Jan de Lange, makelderij yn Snits, hat as haadsponsor foar takom' jier al tasein dat er wer meiwurkje wol, en De Skyfkes sels ha der no al wer sin oan.

     

    Underwilens spile him yn Sie Sa noch folle mear ôf. Op 'e boppeseal wie it frouljuskampioenskip oan 'e gong, en dat wie mear as spannend. Der wiene fjouwer dielnimsters, en dy wiene oaninoar weage. No ja, Josette Kalteren koe it net alhiel bankje, dy ferlear alle partijen. Mar Tineke Brander, Tineke Tiegeler en Hennie de Haan holden inoar yn lykwicht. Oan 'e ein hiene se allegearre 2 punten, en noch it SB noch de ûnderlinge partijen koene útwizing dwaan wa't no wier de sterkste wie.

     

    Der wie dus noch in barraazje nedich, al hie net elkenien dêr mei it each op 'e lette oere likefolle nocht oan. Benammen Tineke Brander klage dat se der al in lange wurkeldei op sitten hie. Likegoed wie sy it dy't oer it measte úthâldingsfermogen beskikte. Dêrmei loste se Hennie de Haan ôf as kampioene. Dy moast har no tefreden stelle mei it twadde plak, mar se einige dêrmei noch al foar har klupgenoate Teigeler.

     

    En dan wie der yn Blauhús ek noch in einspultoernoai yn 'e foarm fan it spultsje FRYSK. Yn 'e geast fan it bekertoernoai waard dat ek ôfhannele mei in ôffalrace, lykwols al mei in ferliezerspûl. It lot beskikte dat yn 'e earste omloop de beide favoriten Foeke Tiemensma en Folkert Groenveld it tsjininoar opnimme moasten. Foeke ferlear, mar waard úteinliks al de winner fan de ferliezers. 

     

    De wiere winner waard, ta elks ferrassing, Siebren Dyk. Troch oerwinnings op Evert Ypma, Bauke Bos, Mister X en de pleatslike favoryt Bernard Kroon wie de Jorwerter ta de finale trochkrongen. Dêr wachte Folkert Groenveld op him. De partij waard remize, dat der folge noch in beslissingspartij mei mar fiif menuten op 'e klok. Beide spilers krigen in daam, en Groenveld drige alle swarte houtsjes yn it sintrum yn ien kear op te plúzjen. Mar Dyk fûn it iennichste gatsje, en kaam sa yn besit fan de haadpriis, in bierkoffer fan Us Heit. 

     

    It wie de lêste slach fan in prachtige damjûn. Nei de humoristyske taspraken by de priisútrikking waard dêr oan 'e Blauhúster taap noch lang oer neipraat.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch