• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma wint ek grutmastertoernoai

    Jelle Wiersma wint dit jier op alle fronten. Nei it persoanlik kampioenskip en it fluchdamkampioenskip lei er op sneon 6 april ek beslach op it Frjentsjerter grutmastertoernoai. Krekt as by it persoanlik kampioenskip waard Hartwerter Taeke Kooistra ek no wer twadde.

     

    Wiersma lei yn wêzen de basis foar syn sukses al yn 'e earste omloop, dy't al op tongersdeitejûn 4 april ferspile waard. Hy moast it doe fuortdaliks opnimme tsjin Kooistra, en it slagge him om dy partij nei him ta te lûken. De oare partij gong tusken Foeke Tiemensma en Marten Walinga, beide lid fan de organisearjende damklup "De Rûge Wolf" fan Lollum-Waaksens. Walinga ferlear, en dat soe dit toernoai net de earste kear wêze. Mar hy hie in ekskús: in moai grut part fan 'e organisaasje fan it grutte barren yn Frjentsjer kaam mei foar him op.

     

    Op sneon 6 april waard it toernoai dus fuortset, mei twa omlopen. Walinga rêde it de moarns ek net op tsjin Jelle Wiersma. Taeke Kooistra makke syn ferliespartij goed troch al yn in ier stadium Foeke Tiemensma te fiter te hawwen.

     

    Even like it der op dat de lêste omloop noch in spektakulêre útslach te sjen krije soe. Kooistra kaam yn it middenspul op fernimstige wize in hout foar tsjin Marten Walinga. Syn lofter wjok wie dêrby wol aardich úttinne, dat der moast noch al even kundich manûvrearre wurde om de winst binnen te heljen, mar dat slagge al. Kooistra kaam dêrmei op 2 punten. As no yn 'e oare partij Foeke Tiemensma winne soe fan Wiersma, dan hiene Kooistra, Tiemensma en Wiersma allegearre twa punten hân. Even like it der op dat Tiemensma yndied foardiel krige. Wiersma liet him lykwols net samar ferkatse, en wikkele kreas ôf nei remize.

     

    Einstannen:
    1. Jelle Wiersma (Wommels) 2,5
    2. Taeke Kooistra (Hartwert) 2
    3. Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 1,5
    4. Marten Walinga (Waaksens) 0



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Narwal
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch