• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kampioenskip fjouwertallen pupillen Blauhús 23 april 2016

    Op de ienneilêste sneon fan april koene wy dan dochs noch de wedstryd foar fjouwertallen fan pupillen ferdamje. Mei alle oare hichtepunten fan ’e ein fan it seizoen wie dat der hast noch by bleaun, mar ûnder oare troch de ynset fan de trainers yn Blauhús koene wy noch in gatsje fine. En alles wie wer geweldich yn ’e oarder! Spitich is wol, dat it tal klubs dat in ploech jeugd hat, lytser liket te wurden. Ek de ûnderskate skoallen dêr’t dizze winter in clinic jûn is, hapten noch net sa hurd. Hooplik wurdt dat dochs takom’ jier wer in bytsje oars. No wiene der trije fjouwertallen fan Blauhús, en ien fan Lollum-Waaksens. It aardige is, dat de bern elkoar suver begjinne te kennen, mar se fine it grif ek net slim om wer ris in pear nije dammers te treffen.

     

    Dit wiene de teams.

     

    Blauhús 1: Marije Frankena, Willem (B.) Kroon,  Silke Homminga, Willem (K.) Kroon

    Blauhús 2: Nynke Brouwer, Jan Yeme de Wolff, Hidde Rijpkema, Tessa Homminga

    Blauhús 3: Marrit de Jong, Jurgen Popma, Eelco de Wolff, Wytze Zeinstra

    Lollum-Waaksens: Liuwe Meint Postma, Harmen Jacob Postma, Gonnie Schilstra, Jaring Jan Postma

     

    Yn alle teams siet ien begjinner, en fierders wiene de fjouwertallen ek goed oan elkoar weage. Der waard de hiele middei goed konsintrearre damd, en it bleau spannend oan ’e ein ta.

     

    De útslaggen:

     

    Blauhús 2, Blauhús 1: 2-2 (0110-1001)

    Lollum-Waaksens, Blauhús 3: 1-0 (1½10-0½01)

     

    Blauhús 3, Blauhús 2: 0-1 (0½01-1½10)

    Blauhús 1, Lollum-Waaksens: 0-1 (0001-1110)

     

    Blauhús 2, Lollum-Waaksens

    Blauhús 3, Blauhús 1: 1-0 (1½10-0½01)

     

    Dêrmei hie Lollum-Waaksens 3 punten, Blauhús 3 ien punt, Blauhús 2 oardel punt en Blauhus 1 in heale punt.

     

    De kampioenstsjelke komt wer in jier op ’e skoalle yn Lollum te stean, en dat is moai foar de skoalle, want dy giet dêrnei helaas ticht ....

     

    (Liuwe Westra)

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch