• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kampioenskip skoaldamjen te Sibrandabuorren.

    De lêste fjouwer wiken binne de skoalkampioenskippen op de skoalle yn Sibrandabuorren holden. Der is omraak damme yn in tige sportive sfear. Fansels elk woe winne, mar dat slagge net altiten. Dan moast de bûsdoek der ek wol ris even oan te pas komme. It waard al mei al wol in tige spannende oangelegenheid. Twa spilers, Tess Teigeler en Teun Oosting hiene nei acht rondes elk 7 punten. Sy moasten stride om it kampioenskip. Dat waard nei in hiele moaie partij wûn troch Teun. Dêrmei mocht er him skoalkampioen Frysk Spul neame. Tess waard dus twadde en dat hat se hiel moai dien.

     

    Fan links nei rjochts: Nynke Pauluis, Abel Tiersma, Teun Oosting en Tess Teigeler.

     

    Trije, hellen 6 punten. Dat wiene Abel Tiersma, Sieuwke Groenveld en Nynke Pauluis. Dy moasten om de tredde, fjirde en fiifde priis damje. No koe spitigernôch Sieuwke net meidwaan. Sy moast krekt dy middei nei de ortodontist. Sadwaande krige sy de fiifde priis. Om it tredde en fjirde plak gongen Abel en Nynke der plat foar. Beide woene se net ferlieze. By eintsjebeslút wie Abel dochs even better en pakte dêrmei de tredde priis en fansels koe de fjirde priis oan Nynke útrikt wurde. 

     

    Wylst dizze bern om de prizen dammen, spile de rest fan de bern in toernoai oer fiif rondes it spultsje Frysk. Dat is fiif tsjin fiif. Nei’t dat beslikke wie, hie Benthe Scholtanus de measte punten: fjouwer. Trije bern  behellen 3½ punt. Dy moasten beslissingspartijen spylje. Nei de earste omloop hie elk ien punt. Dus dat moast oer. Der waard noch fanatyk strutsen en as twadde kaam Martin de Haan út de bus en Pascal Kamminga waard tredde. Spitich foar Folkert-Yde Kievit, mar hy koe it krekt net hâlde.

     

    Fan links nei rjochts de winners FRYSK: Pascal Kamminga. Benthe Scholtanus en Martin de Haan.

     

    (Tekst en foto's Cor Kooistra)



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch