• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Strikers werom Ăşt alle hoeken en hannen.

    De Stadige Strikers binne wer paraat. Se kamen al wer twa moandeitejûnen út alle hoeken en hannen werom yn it Swettehûs, mar net ien út Skearnegoutum sels. Dat is eins in griis. Ek al fanwegen it feit dat op 4 febrewaris 1932 hjir yn Skearnegoutum yn it kafee oan de Swettewei it dambûn Frysk Spul oprjochte is. Dambond Friesch Spel wie doe de offisjele namme.

     

    Oan de oare kant is it in wûnder dat de moaie Fryske fariant noch altiten libbet as in hert. Yn dy tiid is it oantal dammers wol wat ôfnommen, mar noch net sadanich dat der sprake fan wêze soe om de hiele brot mar op te doeken. Hoewol dus it oantal leden op de klups  wol werom rûn binne, wurdt der ynternasjonaal ek oan Frysk damjen dien. Dat is wol hiel bysûnder. Foaral it nije spul Fiif tsjin Fiif mei de namme Frysk smyt op dit stuit hege eagen. Der is al Tsechyske kampioen Frysk en ek in Ytaljaanske. Apart hi! Eartiids seine se dan tsjin my: “Mei dat Fryske damjen komst net fierder as oant de Kop fan de Ofslútdyk en oant hast Wolvegea.” Nee dus wy komme der mei yn Praach en hast yn Rome en op in toernoai yn Ingelân. Wêrom binne dy bûtenlânske dammers sa wei fan ús Fryske spul sille jo miskien freegje. No dat komt omdat de kâns op remize folle lytser is yn it Fryske spul. Twa dammen tsjin ien is bygelyks ferlern! It is in ear om sa’n tinksport te beoefenjen. En dy Strikers wiene der dus allegearre wer op it fertroude plak: de bar fan it Swettehiem.

     

    Ferline wike waard der fergadere en noch as aardichheidsje in potsje damme. Ofrûne moandei wie it wer raak. Der plat foar. It gong wer om de punten. Jelle Wiersma, dy hat in fin mear as in bears, sloech fuort ferwoastend ta. Hy wûn twa partijen. Hy spile se tagelyk. En dat wie net tsjin de earste de bêste. Hy lei Dicky van der Meer en willem Schaap del. Net sûnder stjit of slach. Nee der moatst foar knokt wurde. Twa prachtige partijen, mar Jelle luts wol twa kear oan it langste ein. Yn deselde klasse moast bauke Dykstra út de Tynje it opnimme tsjin Nijlânder Cor Kooistra. Der kaam in wat saai spul op it boerd. Dat wie te tankjen oan de lêstneamde. Hy antwurde op in oare manier as gewoanwei. Yn it middenspul lôge it fjoer op yn it spul. It koe beide kanten út oant it momint dat Kooistra in streekje die der gjin antwurd op wie sûnder houtferlies. Doe waard der noch wol wat troch skood, mar de partij wie doe eins út.

     

    Utslaggen. Rients Wynia – Bauke de Boer 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos 1 – 0; Tineke Teigeler – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    Dizze webside is mei mooglik makke troch