• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Ik ferskyt him sa mar ik kin ek wol ophâlde.

    Doe’t goed trije wike lyn de útnûgingen foar it nije damseizoen rûnbrocht waarden, wie de man noch út de skroeven. Hy hie der bot sinne oan om wer mei de houtsjes dwaande te wêzen. Moandeitejûn woe er der sa mar mei ophâlde, omdat er de partij ferskiten hie. Sa entûsjast earst en no de brui der oan jaan, dat kin fansels net.

     

    It sil ek wol wat meifalle mei Tsjerk. Hy bleau yn elk gefal noch moai lang sitten om nei it spektakel fan Wynia en Bos te sjen. Dat wie yndied in spektakel! In hiele moaie partij. Yn it middenspul wie der noch net folle fan te sizzen wa oan it langste ein lûke soe. In oantal streken letter stie it der krekt efkes better op foar Bauke Bos. Dy stie oer de hiele liny krekt wat foarliker as syn tsjinstanner. Boppedat kaam Wynia as earste oan en moast doe offerje. Dat joech him fierders ek gjin sier. Nee, mar neffens Tsjerk, hie der folle earder ôfruilje moatten en dan hied er mooglik winne of kamp spylje kinnen. Mar dat is neipraat fansels. Wynia ferlear en dat wie in moaie opstekker foar Bauke.

     

    Sjoerd jan Bakker wie wer krekt werom fan syn Spaanske trainingswike. Doe’t er yn Snits yn de bus stapte kaam fuort it damboerd op  ‘e skurte. Hy spile kontinu de iepening nei de oare.Goed en wol yn Spanje hied er der noch net genôch fan en woe it appartemint hast net út: hy woe damme. Hoe’t dat fierders ferrûn is wit de skriuwer net, mar rekkenje mar dat hy noch mannich oerke mei de houtsjes ompielde. Tsjin sa’n trainde man moast Ype Boelens it opnimme. En wat elk al tocht hie barde: Sjoerd Jan pakte syn earste punt. In Spaanske punt sille wy mar sizze.

     

    Utslaggen: Rients Wynia – Bauke Bos 0 – 1; Hennie de Haan – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra -  Dicky van der Meer 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch