• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Werom sjen op stantsje fan ferline wike.

    De Strikers wiene noch mar heal om heal binnendoarren of Bauke Bos helle syn smertfoan út de bûse, socht de foto op fan de stân fan ferline wike en dat waard op it boerd setten. Dy stân wie út de partij fan Rients Wynia en Bos. Us senior Bauke de Boer sei doe nei’t Wynia strutsen hie: “Der siet oars in moai setsje yn!” Dêrnei gyng er mei Hennie nei hûs. Moandeitejûn waard der op werom sjoen. De Boer beseach de stân efkes en begûn doe mei it setsje. No dat wie gjin setsje mear. Nee in boppestebêste trije dûbele flypflap. Geweldich! Hie Wynia dat dien dan wiene de puntsjes nei Boalsert gien en net nei Sint Nyk. De omstanners dy’t dit fakwurk fan De Boer, hast 94 jier, seagen wiene der suver stil fan. En sa sjocht men mar wer dat de bêste stjoerlju ek wol ris op de wâl stean kinne. Deselde Bauke de Boer hie mooglik dochs wat te folle fearren yn de kont stutsen krigen, want tsjin Hennie de Haan wie fan syn fakwurk net folle te merken. Hy stie der al gau op as in brijwein. Omdat Hennie tige guodlik struts, koe er it noch hiel lang fol hâlde. Uteinlik wûn Hennie wol, mar dat wie by Parregea om.

     

    Tineke Teigeler spile 2 potsjes FRYSK. Fiif tsjin fiif dus. Tsjin twa út de heechste klasse: Willem Schaap en Ype Boelens. Sy kaam in lyts oerke letter fanwege it wurk. Beide potsjes ferlear se trouwens tsjin de beide mannen dy’t dêrfoar tsjin elkoar striden. Ien fan de Strikers sei tsjin Ype: “Wat binne jim gau út!” “Ja je, in foutsje, ien achter en dan witte jo it wol. Sjoerd jan Bakker en Cor Kooistra holden elkoar aardich yn lykwicht. Uteinlik kaam de lêste as earste oan. Hy moast net ien, mar twa houtsjes offerje om troch te brekken nei daam. Mar dat like in hopeleaze missy: ien daam en in houtsje tsjin in daam en trije houtsjes. Dochs waard it remize. Bakker seach it simpele winnende streekje oer de kop. Dat die syn tsjinstanner trouwens ek. Mar ik hearde fan dy lêste dat er thús fuortendaliks de stân op it boerd setten hie en doe ta de ûntdekking kaam dat er sels ek te hastich west hie. Hy hie ek sûnder it foutsje kamp meitsje kinnen.

     

    Utslaggen: Bauke de Boer – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke Bos – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker  ½ - ½; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Rabobank
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch