• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Yn in flok en in sucht makken de Strik
  • Bauke Bos ferslacht Marten Walinga yn
  • Tineke stiet ien efter en stiet ien fo
  • Toto - lotting Fryslancup
  • Oprop Littenseradielpartij
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Us kampioen: “Moatst it spul besjen as allegearre lytse puzeltsjes!

    Boppesteande opmerking fan Jelle Wiersma wie as antwurd op it folgjende sizzen fan ien fan de Strikers: “It komt goed op de kop oan!” Nee dat hoecht hielendal net neffens ús kampioen, ast it mar as ûntspanning besjochst. Ja dat is fansels maklik praten fan de man dy’t op damgebiet krekt in fin mear hat as in bears.

     

    No die it dizze jûn ek wer bliken dat dyselde Jelle krekt efkes better yn puzeljen is as syn tsjinstanner. No moat der wol sein wurde dat dy tsjinstanner ek omraak puzele hat, mar it wie net genôch om Jelle in puntsje of in heal ôf te troggeljen. Hoewol de einstân foar beide spilersbestie út in daam en trije houtsjes. Dy daam en houtsjes fan Wiersma stienen krekt efkes better as dy fan syn opponint. Ype Boelens en Dicky van der Meer begûnen mei harren partij mei elk noch gjin punt yn ’e bûse. Dêr soe nei alle gedachten nei it spyljen foar ien feroaring yn komme of foar beide yn it gefal fan kamp. Fan kamp wie trouwens gjin sprake, want yn it middenspul helle Diky der in moai slachje út. Ype skode even ferkeard en hy waard dêr fuort op ôfrekkene: Ien houtsjes achter. Dy efterstân briek Ype soer op. Op it lêst wie it trije om twa. Dan ha jo mei twa houtsjes meastal net folle mear yn de molke te brokkeljen. Mei Ype wie dat net oars en hy bleau op nul stean, wylst Dicky ynnommen wie mei syn earste punt.

     

    Der wie noch ien mei de earste punt. No kinne dy punten dizze man neat skele. Hy komt foar it spul. Ja dy Tsjerk Wiersma is in echte leafhawwer. As er ris in kear wat gaueftich wint dan seit er: “Dizze jildt net, we dogge no ien út echt!” Sa gie dat moandeitejûn trouwens net. Nee der waard stevich trochdamme tsjin Rients Wynia. De lêste wie der net hielendal, net echt by sûpe en stút. Ferline wike moast er ôfsizze en no wie er noch net rjocht de âlde. Lykwols gyngit damjen him noch goed ôf. Se skoden dan ek in ynteressant spul op it boerd. Tsjerk kaam der hieltiten wûnderbaarlik moai út. Dat net allinnich, hy soarge der ek foar dat Wynia as earste oan kaam te sitten. Doe koe de lêste de bakker en de slachter wol ôfsizze: it wie bekeken.

     

    Utslaggen: Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Rients Wynia 1 – 0; Bauke de Boer – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1.

     

    (Tekst: C. Kooistra)



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch