• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan k
  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe le
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Italiaanske bern dogge mei oan it iepen kampioenskip Frysk foar basisskoalen

    Fiif bern fan in basisskoalle út Aosta (Noard-Itaalje) dogge op tongersdei 3 novimber mei oan it iepen kampioenskip foar basisskoallen FRYSK! op Tresoar te Ljouwert. FRYSK! is de fariant fan Frysk damjen mei elk fiif skiven: fluch te learen, flitsend om te spyljen, en noch altiten spannend. Earder dit jier is it earste offisjele Wrâldkampioenskip FRYSK! holden yn Frjentsjer. Ferline jier waard foar it earst in kampioenskip foar basisskoallen holden.

    De bern en harren begelieders ferbliuwe op ien fan ’e skippen fan Tallship Company fan Jan Bruinsma te Frjentsjer. It team mei begelieders is fan woansdei 2 oant en mei freed 4 yn Fryslân.

    Oare dielnimmende teams komme út De Gaastmar, Blauhús, Aldegea, De Hommerts, Lollum-Waaksens, Arum, Wommels, Sibrandabuorren, Gau.

    It kampioenskip wurdt holden op Tresoar en begjint om 10.00 oere. De priisútrikking stiet plend foar 15.00 oere. Der binne prizen foar de bêste skoallen en foar de bêste yndividúele dielnimmers.

    Tanksij de nije apps Fries Dammen en FRYSK! is it mooglik om it Frysk damjen no ek online te spyljen. De ferwachting is, dat in protte tinksporters hjirtroch it Fryske damjen ûntdekke sille. It Frysk damjen is de âldste fariant fan it damjen op in boerd mei 100 fjilden, en wurdt de lêste jierren hieltyd bekender as ynternasjonale wedstrydsport. De oantreklikheid fan it Fryske damjen sit benammen yn it djipsinnige einspul en de tige lytse remizemarzje.

    De Stifting WFD is organisator fan dit kampioenskip as diel fan in rige ynternasjonale wedstriden Frysk Damjen.

    Foar mear ynformaasje:

    Marten Walinga, 06-34561133
    Liuwe Westra, 0517-469245

    www.frisiandraughts.com

    Foar ynformaasje oer it kampioenskip fan ferline jier:

    http://frisiandraughts.com/archive/wfd%20tournaments/frysk!%20schoolchampionship-2015.html

     

    (Tekst: L. Westra)

    New layer...


    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    Dizze webside is mei mooglik makke troch