• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In fjouwerslach twa kear oer de kop sjen.

    It is hast ûnmooglik soe men sizze en dochs prestearren de Stadige Strikers it. Sa wol yn de heechste as yn de leechste groep waard der in fjouwerslach oer de kop sjoen. De lêzer wol fansels graach witte wa’t dy Strikers binne. Dat hâlde wy moai ûnder de pet, want de bewuste spilers hiene it der sels al dreech genôch mei en wy hoege net mear wat sâlt yn de iepen wûnen te struien.

     

    Jelle Wiersma hat syn earste heal puntsje ynlevere. Yn in moaie partij hold Sjoerd Jan Bakker him op kamp. Yn de analyze thús seach Jelle dat er dochs winne kinnen hie. Dat liet er de wedstriiddammers de jûns dêrnei yn Jorwert sjen. Mar ja efternei sjocht men de ko yn de kont en dêr hat Bakker no gjin boadskip mear oan. Hy fytste mei in hearlik gefoel nei Snits mei it heale puntsje yn de kontbûse.

     

    Hy wie der wer: Rients Wynia. Ja ferline wike makke er ek diel út fan de Strikers, mar doe wie der noch lang net de âlde. Moandei kaam der in fittere Wynia achter it boerd te sitten. Tsjinoer him siet Hennie de Haan. Meastal is der tusken dizze twa foldwaande striid op it boerd. No like it ek wer in hiel aardige konfrontaasje te wurden. Mar op de ien of oare manier rekke Hennie dochs yn de nederklits. By eintsjebeslút koe Wynia eins net mear ferlieze of hy soe wol in hiele grutte flater meitsje moatte. Dat hie op dizze jûn fansels sa mar kinnen. Gelokkich foar him makke er op in berekkene wize dien wurk.

     

    Utslaggen: Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Doicky van der Meer – Bauke Dykstra 0 – 1; Hennie de Haan – Rients Wynia 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Rabobank
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch