• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Folkert Groenveld wint Littenseradielpartij

    Hy stie noch net yn de wandelbeker fan de Littenseradielpartij, Folkert Groenveld, en dus wie syn oerwinning op tiisdei 8 novimber dochs wol in ferrassing. De grutste klapper makke Groenveld yn de tredde omloop, doe hy Jelle Wiersma fersloech, de kampioen fan 2015. In wike earder hied er, mei it flachje letterlik op fallen, al de sterke Foeke Tiemensma ferslein. Fierdere oerwinnings op Sjoerd Couperus en Cor Kooistra makken dat de Jutriper de folle fjouwer punten ynhelle.

     

    Jelle Wiersma besette úteinliks mei ien punt minder it twadde plak. Foar it tredde plak wiene, elkmis mei 2 punten, noch trije kandidaten. Foeke Tiemensma en Sjoerd Couperus hiene in likens SB, mar omdat Foeke in winstpartij mear hie, mocht dy de sprekwurdlike brûnzen medalje yn ûntfangst nimme. Wedstriidlieder Willem Dykstra syn SB wie krekt wat leger as dy mannen, dat dy waard fiifde. Dêr sil er net ûntefreden mei wêze, want hy ferskynt mar selden mear efter in damboerd, al wurdt wol grute dat Dykstra him manifestearret as meispiler by de nijste damapp. Faaks dat dat holpen hat?

     

    Yn de twadde groep sieten twa spilers dy it net lid binne fan it pleatslike OKK. Klaas Wiersma en benammen Douwe Namminga diene it lang net gek, mar se koene net behinderje dat Rinze Schukken mei de heechste priis útnaaide. Allinne oan Namminga moast de Hilaarder in remize tastean.

     

    De tredde groep krige in opmerklike winner yn de persoan fan Frans Kingma. De Jirnsumer kroechbaas damme yn syn jeugd net ûnfertsjinstlik, en hy is der noch altyd grutsk op dat er ea Hiele Walinga ferslein hat. Nei lange jierren fan damûnthâlding hat er dit jier it skowen wer oppakt, en dat giet dus lang net ûnfertsjinstlik. Yn dizze groep sieten ek mar leafst trije Dykstras, allegearre famylje fan Willem, en ek alle trije nije leden fan OKK. Broer Jelte kaam ek op trije punten út, mar hy hie in leger SB as Kingma.

     

    De Littenseradielpartij is tsjintwurdich in iepen kampioenskip. It bestiet al sûnt 1984, en dêrfoar wie der al de Baarderadielpartij. De earste kears wie yn 1942, en de doetiidske winner wie Folkert van der Werff. Folkert flikte soks 55 jier letter noch ris in kear. Yn 2018 wankt in nije gemeentlike weryndieling, mar by OKK is men der noch net oer út wat de nije namme wurde moat. "Ljouwertpartij" bekket yndied net sa lekker ...

     

    Einstân fan de heechste groep, mei tusken heakjes it SB: 1. Folkert Groenveld, Jutryp 4; 2. Jelle Wiersma, Wommels 3; Foeke Tiemensma, Frjentsjer 2 (7); 4. Sjoerd Couperus, Snits 2 (7); 5. Willem Dykstra, Jorwert 2 (3); Cor Kooistra, Nijlân 1,5; 7. Tsjerk Wijbinga, Arum 1; Bauke Dykstra, De Tynje 0,5.

    Twadde groep: 1. Rinze Schukken, Hilaard 3,5; Klaas Wiersma, Nijbeets 3; 3. Douwe Namminga, Winsum 2; 4. Siebren Dyk, Jorwert 1,5; 5. Fokke Looijenga, Weidum 1; 6. Bonne Hylkema, Jorwert 1.

    Tredde groep: Frans Kingma, Jorwert 3 (9); Jelte Dykstra, Jorwert 3 (5); 3. Gertjan van Kamp, Jorwert 2 (6); Hesssel Jan Dykstra, Jirnsum 2 (4); Emke Dykstra, Jorwert 1; Mathieu van den Boogaard, Jorwert, 1. 



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Noflik
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch