• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • No moatte wy Tineke mar efkes by de kop ha.

    Ferline stie yn it stikje dat de skriuwer earst Rients Wynia mar even by de kop ha moast. Mar ferfolgens gie it mear oer Tineke Teigeler as oer Wynia. No is der in reden om dyselde Tineke dochs mar even by de kop te pakken. Yn dy sin dat it stikje oer har tige posityf wêze sil. Wy ha it hjir dus oer Tineke Teigeler. In trou lid fan de Stadige Strikers. Ek al moat se jûns oant nei achten ta wurkje, It damjen oerslaan stiet net yn har wurdboek. Sy hâldt har sa no en dan ek dwaande mei it damjen op de basisskoalle yn Sibrandabuorren en poent it dêr ek wat oan. No oer har eigen damjen. Se is fansels wat hinne en wer as de wyn. Dan wer sterk en in oare kear suterich. Moandeitejûn hie it al in skoftke duorre foar’t de stikjesskriuwer de partij tusken har en Hennie de Haan beseach. Hy leaude syn eagen hast net, want dyselde Tineke siet op roazen. “Ja ik ha dat stikje fan ferline wike goed lêzen en ik tocht no sil it oars!” sa blierke se. Net folle letter krige elk te hearren dat it punt binnen wie. Efternei hearden wy wol dat se ek wat holpen wie troch har tsjinstanner. Dy koe de holle der net goed byhâlde.  

     

    It wie wer âlderwetsk yn de partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Ype Boelens. Ype joech geweldich partij, mar ja moatte faaks noch krekt efkes wat mear jaan om sa’n âld rôt as Sjoerd Jan der ûnder te krijen. It like sa moai, mar dochs wrotte Bakker him wer nei in stân, wêrby in pear houtsjes de oanfal op de lange hoeke ynsetten. Dy beide houtsjes soargen der foar dat ien fan de beide nei in offer trochbrekke koe nei daam. Doe wie it foar Ype “over en uit

    Fjouwer fan de Strikers sieten yn eigen hûs te damjen foar de Fryslân Kup. Oer it algemien wiene dat moaie en boeiende partijen. Twa fan de Strikers geane troch en de oare twa binne ôfheakke.

     

    Utslaggen: Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Rients Wynia – Bauke de Boer 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0. Fryslân Kup: Manfred de Wolff – Willem Schaap 0 – 1; Dicky van der Meer – Michiel Zeinstra 0 – 1; Taeke Kooistra – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Willem Hoekstra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    Dizze webside is mei mooglik makke troch