• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Hennie siet op roazen, mar roazen ha toarnen

    It stie der foar Hennie de Haan prachtich foar yn har partij tsjin Bauke de Boer ôfrûne moandeitejûn yn de smûke bar fan it Swettehûs. In eintsje fierderop siet Tineke Teigeler te glimkjen: sy hie yn in fiif tsjin fiif partij Rients Wynia te pakken. Oan de oare tafel wie ek genôch te belibjen. Earst moatte wy de pylken mar efkes rjochtsje op de partij tusken De Haan en De Boer. Sy moatte wol gauris tsjininoar. Dat komt omdat it groepke yn de twadde klasse mar hiel lyts is. Foaral no’t Tsjerk Wiersma der ek net mear is. De partij tusken har beiden ferrint de lêste tiden wol gauris yn it foardiel fan Hennie. Dat is eins net te leauwen, omdat De Boer folle mear ûnderfining hat op it damgebiet en oer it algemien tige sterk foar it ljocht komt. In pear wike lyn seach er noch in slach as bûtensteander wêr’t men jo tsjin seit. Mar tsjin Hennie hat er it altiten swier. Der sille dus oare krêften in rol spylje as allinne it damjen. Op de ien of oare wize lit er him troch hennie betsjoene of soks sa wat. Ek moandeitejûn wie dat it gefal. Yn in seis om seis stân hie De Boer gjin poat mear om op te stean. Hennie siet op roazen. Der wie lykwols noch ien lyts kânske as hennie wat te happich wêze soe om rjochting daam te gean. Dan moast se achter twa houtsjes stean gean. En dêr wachte De Boer op. En mei sukses. Hennie skode sûnder in greveltsje euvelmoed achter twa houtsjes. De Boer plakte mei in oar hout tsjin de daamline oan en koe nei Hennie har twaslach in daam skowe. Hennie sit op roazen, mar no kaam se der achter dat dizze blommen toarnen ha. Yn plak fan in wisse winst waard it in suterich kampke.

     

    Foar Ype Boelens fielde syn kampke tsjin Jelle Wiersma yn elts net as suterich, mar as in klearebare winstpartij. It wie fansels gjin winst, mar sa fielde Ype it wol. Ferline jier helle Ype itselde huzarestikje út. Dat men soe sizze kinne: Ype feroaret hjir net om, hy is it wend. Nee krekt oars; hy wie wakker op it skik mei syn heal puntsje.De hiele partij hie Cor Kooistra Willem Schaap yn ’e bûse, mar dochs ferlear er. Hy seach ynienen apen en bearen. Tocht net mear nei. Die, miende er in ôfruil, mar kaam der ien mei efter. In ferlerne partij, dy’t eins yn winst einige wurde moast. It einige wol yn winst, mar dan foar Willem.

     

    Utslaggen: Ype Boelens – Jelle Wiersma ½ - ½; Bauke de Boer – Hennie de Haan ½ - ½; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Rients Wynia – Bauke Bos 0 – 1; Fiif tsjin fiif: Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Rients Wynia – Tineke Teigeler 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch