• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Skearnegoutum is minikampioenskip kwyt

    De mini-fluchdamklupkampioenskippen, op freedtejûn 25 novimber holden op de boppeseal fan kafee "Het Wapen van Baarderadeel" yn Jorwert, krige in nije winner. It wie Aldegea dat mei de heechste eare wer nei hûs ta gong, en net Skearnegoutum, dat de lêste jierren wat fan in abonnemint op dizze trofee hie. 

     

    No hienen de Stadige Strikers dat ek wol wat oan harsels te witen. It slagge har net iens om in folsleine ploech ôf te furdigjen, en dêr binne oars by it minikampioenskip mar fjouwer spilers foar nedich. Sa krigen de Skearnegoutumers troch de need twongen fersterking fan de Jorwerter Bonne Hylkema, al sil dat yn de praktyk earder in ferswakking west ha. Boppedat hiene de Strikers mei Ype Boelens, Bauke Dijkstra en Bauke Bos mooglik ek net har aldergrutste kanonnen yn de striid brocht. Yn dat ljocht is it dan ek noch in hiele prestaasje dat se úteinliks op it twadde plak einigen.

     

    Earste waard no Aldegea. In deeglike ploech mei Folkert Groenveld, Willem Hoekstra, Jouke Wijnja en Folkert Attema. De mannen moasten ien kampspul tastean, opmerklik genôch tsjin in ploech fan de twadde klasse. Dat Jorwert I hjir oan in heal punt kaam sil der oars foaral yn gelegen west ha dat Jouke Wijnja troch it flachje gie. Tredde yn de kampioensklasse waard Hartwert. Se hellen wol likefolle wedstriidpunten as de Skearnegoutumers, mar lieten it yn de buordpunten krekt sitte. It promovearre Blauhús hie it op dit nivo dreech. De mannen waarden úteinliks fjirde. 

     

    De B-klasse wie dit jier foar Lollum. Dat wie fertsjinne, want de wedstriden tsjin in A-klasser wie yn beide gefallen kamp. Lollum wie fansels yn de breedte ek sterk, mei Foeke Tiemensma, Sjouke Schilstra, Hylke Algra en Liuwe Westra. De beide Jorwerter ploegen einigen alsa ûnderoan, ek al hie Jorwert I oan de ein mar in heal wedstriidpuntsje minder as Lollum.

     

    It earme Jorwert II kaam net fierder as nul punten. Dat waard yn ien klap ek in foech famyljedrama. Yn dy ploech sieten nammentlik allinne mar Dykstras. Jelte, Hessel-Jan en Emke binne dit jier min of mear nij op de klup, en Willem koe datneidiel allinnich net oerhelje. Mar ja, Jelte wûn al fan Willem Hoekstra, en Hessel-Jan lei Hylke Algra om, dat it wie alles meiinoar ek wer net sa slim dat de jierdeis yn de famylje no tenei alhiel mijd wurde moatte.

     

    It wie wat spitich dat it oantal fan sân ploegen wat minder wie as dat de lêste jierren wenst wie. Boppedat soarge dat ûneven oantal der foar dat ien ploech hieltyd wat ekstra tiid foar de kofje hie. Mar fierders siet de stimming der op de boppeseal wer goed yn, wat ek wol bliken die oan it feit dat frijwat dammers noch lang neisieten. 

     

    Utslaggen earste omloop: Aldegea Skearnegoutum 1-0 (3-1); Hartwert - Blauhús 1-0 (3-1); Jorwert II - Jorwert I 0-1 (0-4).

    Twadde omloop: Skearnegoutum - Lollum 0,5-0,5 (2-2); Jorwert I - Hartwert 0-1 (1-3); Aldegea - Jorwert II 1-0 (3-1).

    Tredde omloop: Blauhús - Lollum 0,5-0,5 (2-2); Jorwert I - Aldegea 0,5-0,5 (2-2); Jorwert II - Hartwert 0-1 (1-3).

    Fjirde omloop: Skearnegoutum - Hartwert 1-0 (3-1)Aldegea - Blauhús 1-0 (3-1); Lollum - Jorwert I 0,5-0,5 (2-2).

    Fyfde omloop: Blauhús - Skearnegoutum 0,5-0,5 (2-2); Hartwert - Aldegea 0-1 (0,5-3,5);

    Lollum - Jorwerd II 1-0 (3-1).

     

    Einstannen kampioensklasse (mei tusken heakjes de buordpunten): Aldegea 4,5 (14,5); Skearnegoutum 3 (12); Hartwert 3 (10,5); Blauhús 2 (10).

    B-klasse: Lollum 2,5 (9); Jorwert I 2 (9); Jorwert II 0 (3).

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Attema Heeg
    Dizze webside is mei mooglik makke troch