• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In wike mei oan kop stien.

    It kaam der moandeitejûn suver wat spitch út de mûle fan Willem Schaap: No bin ik de kopposysje wer kwyt. In wike lang hie er der fan geniete: de lieding. Wol dield dat wol, mar likegoed de lieding. Foar healwei tsienen moandeitejûn wie er dy titel wer kwyt.

    It wie in hiel oantreklik spul tusken Willem en Jelle Wiersma. In spul mei fjoerwurk deryn. Se wiene der noch net iens hiel lang oer gear, doe’t Jelle der in prachtige trijedûbele flypflapúthelle. Ien houtsje achter dat wol, mar nei ien streek skode er daam. Willem seach it swurk driuwen. Hy koe allinne noch wat tsjinspinpoatsje, mar in fûst koe er net mear meitsje. Sa waard er stapke foar stapke nei de slachtbank laat en siet Jelle wer allinne op de troan.

    Ferline wike ried Ype Boelens mei in heale punt werom nei Menaam. Hy  hoegde de radio doe net oan te dwaan, want hy song sels út folle boarst. Moandeitejûn ried er al foar tsienen werom nei hûs en no song er noch hurder. No foar it hele punt dat er pakt hie. Sa seach it der ûnder de partij noch net sa sear nei út. Tsjinstanner Cor Kooistra spile krekt as ferline wike net op syn sterkst om it mar beskeiden út te drukken. Mar ja sa geane de saken yn de dammerij sa no en dan. Ien kampke dizze jûn. “Ik ha noch noait sa’n aparte partij spile!” spriek Rients Wynia út. En syn tsjinstanster Hennie de Haan wie it dêr mei iens. Apart of net apart it gong wol moai en de einstân wie boeiend. Beide spilers makken gjin rare foutan en sa waard it kamp.

     

    Utslaggen: Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Rients Wynia ½ - ½; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Fiif tsjin fiif: Sjoerd jan bakker – Bauke Bos 1 – 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    • Narwal
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch