• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan FryslĂąn.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jeugddammerij moai Ășt ein mei toernoaien yn ’e Gaastmar en BlauhĂșs

    Sneon 12 novimber wie der in ‘frij’ toernoai foar alle bern dy’t hâlde fan it Fryske damjen yn ’e Gaastmar. Fansels wiene de jonge dammers fan Blauhús, Lollum-Waaksens en De Gaastmar sels fan ’e partij, mar wy mochten ek ien nije dammer wolkom hjitte út Goaiingea, dy’t troch it toernoai op Tresoar op ’e smaak brocht wie. Ien skiep oer de daam?

     

    Der waard spile yn fjouwer groepkes: twa groepkes pupillen-jeugd, ien groep pupillen en ien groep begjinners: meiinoar 20 dammers. Hjirûnder de yndieling en de útslaggen.

     

    Begjinners: Corné van Ebbendorf (Waaksens), Ditmer Oppedijk (Blauhús), Jochem Lootsma (Goaiingea), Marcus Kroon (Blauhús), Dianna de Jong (Lollum), Watze Anne Postma (Waaksens)

     

    Corné - Ditmer: 0-1; Jochem - Marcus: 1-0; Dianna - Watze Anne: 0-1

    Jochem - Corné: 0-1; Dianna - Ditmer: 0-1; Watze Anne - Marcus: 0-1

    Marcus - Corné: 0-1; Dianna - Jochem: 0-1; Watze Anne - Ditmer: 0-1

    Corné - Dianna: 0-1; Ditmer - Marcus: 0-1; Watze Anne - Jochem: 1-0

    Watze Anne - Corné: 0-1; Ditmer - Jochem: 0-1; Marcus - Dianna: 1-0

     

    Mar trije oerwinnings foar in wytspylder! Ek fierder lei it ticht by elkoar: foar de boppeste fjouwer plakken moast it SB-systeem deroan te pas komme, mar mei help fan de ûnderskate frijwilligers slagge dat gelokkich sûnder bargebiten.

     

    De útslach: 1e priis Corné (3-16); 2e priis Jochem (3-14); 3e priis Marcus (3-12+); 4e priis Ditmer (3-12); 5e priis Watze Anne; 6e priis Dianna.

     

    Pupillen: Rauke de Hoop (De Gaastmar), Eelco de Wolff (Blauhús), Tessa Homminga (Blauhús), Rinse Zeilstra (De Gaastmar), Willem Kl. Kroon (Blauhús), Harmen Jacob Postma (Waaksens)

     

    Rauke - Eelco: 0-1; Tessa - Rinse: 0-1; Willem - Harmen Jacob: 0-1

    Tessa - Rauke: 1-0; Willem - Eelco: 1-0; Harmen Jacob - Rinse: 1-0

    Rinse - Rauke: 0-1; Willem - Tessa: 1-0; Harmen Jacob - Eelco: 1-0

    Rauke - Willem: 1-0; Eelco - Rinse: 0-1; Harmen Jacob - Tessa: 1-0

    Harmen Jacob - Rauke: 1-0; Eelco - Tessa: 1-0; Rinse - Willem: 0-1

     

    En ek hjir moast it SB-systeem en ien kear ûnderling risseltaat deroan te pas komme. De útslach: 1e priis Harmen Jacob (5); 2e priis: Willem; 3e priis: Rauke (2-10); 4e priis: Rinse (2-6+); 5e priis Eelco (2-6); 6e priis: Tessa.

     

    Dan de earste groep pupillen en jeugd trochinoar: Nynke Brouwer (Blauhús), Sietse van Netten (De Gaastmar), Marije Frankena (Blauhús) en Liuwe Meint Postma (Waaksens)

     

    Nynke - Liuwe Meint: 0-1; Sietse - Marije: 1-0

    Marije - Nynke: 1-0; Liuwe Meint - Sietse: 1-0

    Sietse - Nynke: 1-0; Liuwe Meint - Marije: 1-0

     

    Hjir hie mar ien swartspylder de punt, de rest gong allegear nei wyt! De útslach wie like dúdlik: 1e priis Liuwe Meint (3); twadde priis Sietse (2); tredde priis Marije (1); fjirde priis Nynke (0).

     

    En dan de twadde groep pupillen-jeugd: Marten Algra (Lollum), Herre-Klaas Ykema (De Gaastmar), Feike Wiegersma (De Gaastmar), Gonnie Schilstra (Lollum)

     

    Marten - Gonnie: 1-0; Herre-Klaas - Feike: 1-0

    Feike - Marten: 0-1; Gonnie - Herre-Klaas: 0-1

    Herre-Klaas - Marten: 1-0; Gonnie - Feike: 0-1

     

    Utslach: 1e priis Herre-Klaas (3); 2e priis Marten (2); 3e priis Feike (1); 4e priis Gonnie (0).

     

    Alle nûmers 1 o/m 4 fan ’e beide groepen pupillen-jeugd hawwe wy ek noch eefkes tsjininoar spylje litten, al wie it allinnich mar om binnen dizze mingde klasse in folchoarder te hawwen foar de prizen. Dy partijen waarden wûn troch Herre-Klaas, Sietse, Feike en Gonnie.

     

    Alles mei alles 46 potsjes damd, en net ien kear kamp! Hulde oan alle spilers en frijwilligers, en hjirûnder noch in moaie foto.

     

    ====================

     

    Op sneon 10 desimber wie de earste foaromgong foar de kampioenskippen by begjinners, pupillen en jeugd yn Blauhús. Meiinoar dogge der 21 dammers mei oan de kampioenskippen.

     

    Begjinners: Watze Anne Postma, Jochem Lootsma, Willem Kl. Kroon, Corné van Ebbendorf, Marcus Kroon, Jorrit Frankena (Blauhús), Ditmer Oppedijk

     

    Pupillen: Hielke Watze van der Gaast (Waaksens), Marije Frankena, Marten Algra, Willem B. Kroon, Eelco de Wolff, Hidde Rypkema (Blauhús), Wiebren Ykema (De Gaastmar), Liuwe Meint Postma, Harmen Jacob Postma, Nynke Brouwer, Rauke de Hoop.

     

    Jeugd: Johannes Heins (Blauhús), Feike Wiegersma, Gonnie Schilstra, Herre-Klaas Ykema

     

    By de pupillen en de begjinners wiene der dus in ûneven tal spylders, en dat losten wy op troch Mr. X en Mr. Y yn it skema op te nimmen. Soms wiene Mr. X en Mr. Y der net, soms ferskynden se ek ynienen yn it stal fan in oare dammer dy’t net hoegde te spyljen, of in omke, of sels ien kear in damjende mem! Mar alle kearen wisten de jonge kampioenskandidaten Mr. X en Mr. Y harren wil op te lizzen, en it puntsje yn ’e wacht te slepen. Sels in steand nûmer krije jo net kedo!

     

    De begjinners en de jeugd hawwe allegear ien kear tsjin har ploechgenoaten spile, en moatte dat noch in kear dwaan by de twadde foaromgong op sneon 21 jannewaris yn Lollum. De pupillen hawwe fjouwer wedstriden spile, en hawwe grif net genôch oan twa foaromlopen, dus dêr komt noch in ekstra spyldei foar by.

     

    Utslaggen:

     

    Jochem - Ditmer: 0-1; Willem - Jorrit: 1-0; Corné - Marcus: 1-0

    Jorrit - Corné: 0-1; Ditmer - Willem: 0-1; Watze Anne - Jochem: 0-1

    Willem - Watze Anne: 1-0; Corné - Ditmer: 0-1; Marcus - Jorrit: 1-0

    Ditmer - Marcus: 0-1; Watze Anne - Corné: 1-0; Jochem - Willem: 0-1

    Corné - Jochem: 0-1; Marcus - Watze Anne: 0-1; Jorrit - Ditmer: 0-1

    Watze Anne - Jorrit: 1-0; Jochem - Marcus: kamp; Willem - Corné: 1-0

    Marcus - Willem: 0-1; Jorrit - Jochem: 0-1; Ditmer - Watze Anne: 0-1

     

    Tuskenstân begjinners (ynklusyf punten tsjin Mr. X):

     

    Willem 7 punten; Watze Anne 5; Jochem 4½; Ditmer 4; Marcus 3½; Corné 3; Jorrit 1

     

    Marije - Rauke: 0-1; Marten - Nynke: 0-1; Willem - Harmen Jacob: 0-1; Eelco - Liuwe Meint: 0-1; Hidde - Wiebren: 0-1

    Liuwe Meint - Hidde: 1-0; Harmen Jacob - Eelco: 1-0; Nynke - Willem: 1-0; Rauke - Marten: 1-0; Hielke - Marije: 0-1

    Marten - Hielke: 1-0; Willem - Rauke: 0-1; Eelco - Nynke: 0-1; Hidde - Harmen Jacob: 0-1; Wiebren - Liuwe Meint: 0-1

    Harmen Jacob - Wiebren: 0-1; Nynke - Hidde: 1-0; Rauke - Eelco: 0-1; Hielke - Willem: 0-1; Marije - Marten: 1-0

     

    Tuskenstân pupillen (ynklusyf punten tsjin Mr. Y):

     

    Liuwe Meint en Nynke 4 punten; Marije, Wiebren, Harmen Jacob en Rauke 3; Hielke, Marten, Willem en Eelco 1; Hidde 0.

     

    Johannes - Herre-Klaas: 0-1; Feike - Gonnie: 1-0

    Herre-Klaas - Gonnie: 1-0; Johannes - Feike: 0-1

    Feike - Herre-Klaas: 0-1; Gonnie - Johannes: 1-0

     

    Tekst (Liuwe H. Westra)



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Walinga
    Dizze webside is mei mooglik makke troch