• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Gjin sinteklazedamjen by de Strikers.

    De Stadige Strikers besteane no al fiifentritich jier en al dy jierren ha se altiten op eigen wize stilstien by de jierdei fan Sinteklaas. En no yn it seisentritichste jier waard der net oer de goed hillich man rept. Nee der waard besletten om op de jierdei fan de Sint, mar net te damjen. Dêrmei waard ek fuortendaliks it sa bekende jierlikse sinteklazedamjen de nekke omdraaid. Foar de guon wie dat in opluchting,mar foar de measten dochs wol wat spitich.

    Mar goed ôfrûne moandei waard der wer skood. Net allinne foar de kompetysje, mar ek foar de Fryslân Kup. Foar it lêste wiene der twa Hartwerter dammers yn ús fermidden. TaekeKooistra en Klaas Wiersma. Dy moasten efterienfolgjend tsjin Willem Schaap en Cor Kooistra. Beide partijen einigen yn winst foar de beide bruorren Kooistra. Taeke pakte in houtsje yn it middenspul nei moaie kombinaasje in houtsje foar tsjin Willem. De lêste ferdigene him út alle macht, mar koe net tsjin de oermacht oan houtsjes fan syn tsjinstanner op en moast úteinlik de hân jaan.

    Klaas Wiersma liet hin net sa mar yn de sek naaie, nee hy siet hielendal yn syn spul en de âldste Kooistra hie der klauwen oan. It bleau oan de ein ta lyk yn it oantal houten. Doe op in bepaald stuit sei Klaas: “Do dochst hieltiten de goeie!” Hy skode der hiel wat loopkes yn, mar dy Kooistra woe der mar net yn rinne. Doe wie it ynienen dien mei wat dan ek. Klaas die noch in pear offinsive opofferingen, mar it mocht net mear bate.

    Dicky van der Meer doarde it wol oan om tsjin twa dammers tagelyk te damjen: Sjoerd Jan Bakker en bauke Dykstra. En dat binne beide gjin snotterige mannen. Dy binne beide goed yn it damsâlt bebiten. Dochs hie Van der Meer fuort yn it begjin al in meifallerke. Dykstra kaam der net goed út op in wat ûngewoane streek fan Dicky en ferspile sa in houtsje. Dy efterstân koe er net wer goed meitsje en sa ferlear Bauke op in wize sa wy net fan him wend binne.

     

    Sjoerd Jan Bakker wie in oar ferhaal. Dy lit him net sa mar fan de wize bringe. En foaral dit jier net. Hy dammet op ’t heden as in tierelier. En Dicky koe tsjin dat damgeweld net op en ferlear. Bauke Bos bliuwt mar punten fandeljen. De iene nei de oare leit er it swijen op. Dizze jûn siet er tsjin Bauke de Boer. Der ha tiden west, dat Bos tsjin him neat yn te bringen hie. Dy tiden ha west ja, mar no is it Bauke junior dy’t op it grutte húske sit. De Boer hie net folle yn te bringen.

     

    Utslaggen: Rients Wynia – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke de Boer – Bauke Bos 0 – 1; Bauke Dijkstra – Dicky van der Meer 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0. Fryslân Kup: Cor Kooistra – Klaas Wiersma 1 – 0; Taeke Kooistra – Willem Schaap 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Rabobank
    • Walinga
    • Narwal
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch