• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Tige slagge damdei yn Hartwert

    Op de earste sneon fan it nije jier organisearret de damklup Hartwert al sûnt har bestean har jierlikse wedstriid. In echte wedstriid want elts kryt oardel oere op de klok. Nei it iepeningswurd fan de foarsitter giene om goed 10 oere 22 dammers de striid meinoar oan yn seis groepen. En it waard in moaie damdei. De dammers dy der wiene ha harren tige fermakke. Wie it net mei in damspul, dan wie it wol om de hearlike sop en snert fan Jantsje. It iten en drinken wurdt al jierren fersoarge troch Jantsje en Simone AbmaEk dizze dei hiene se it wer poerbêst foar elkoar.

     

    Troch lotting wie elkenien yn klassen yndield. Der wiene twa groepen yn de ereklasse, trije yn de haadklasse en ien yn de earste klasse. Der waard om raak damd, strutsen en neitocht. Yn groep 1 fan de eareklasse gong de earste priis nei Tjerk Wijbenga mei 2,5 punt. Dermei revânsjere hy himsels, sa sei er, fan syn fladder ofrûne moandei op de klup. De twadde priis gong nei Cor Kooistra mei 1,5 punt. Groep 2 hie in ferrassende winner, nammentlik de seisentachtichjierrige Sjoerd Couperus mei 2 punt. Mei de winst op Taeke Kooistra kin syn damjier net mear kapot, sa sei der. Taeke Kooistra hie ek 2 punt, mar waard op basis fan it SB-systeem twadde.

     

    Yn groep 1 fan de haadklasse wie de winst foar Gerrit Schilstra. Hy wûn al syn trije partijen. Twadde waard Herman Terwisscha van Scheltinga mei 2 punt. Dit wie in knappe prestaasje fan him. Hy joech by de opjefte oan dat der wolris wat mear tsjinstân ha woe. No dat kriich er. Herman siet nammentlik yn in groep mei trije manlju die meinoar mear as oardel ieu damûnderfining ha. Groep 2 hie as winner Germ Bruinsma mei 2,5 punt, twadde waard Jesse Jan Boschma mei 1,5 punt. Yn groep 2 wie Sjoerd Kooistra de winner mei 3 punt, twadde waard Klaas Abma mei 1 punt nei in lotting mei Liuwe Westra. Der wie gjin moogelikheid om in beslissingspartij te spyljen, Klaas wie al op syn pleats om de kij te melken.

     

    De dammers yn de earste klasse makken der in echte slitaazjeslach fan. Nei trije wedstriiden hienen Piet Sikma, Jan Nauta en Lieuwe Eringa alle trije 2 punten. Hjir waarden wol beslissingspartijen spile. Elk kriich tsien minuten op de klok. Nei de earste ronde stoenen de mannen wer gelyk mei elk 1 punt. Dus waard der mar wer op e nij damd. Uteinliks kaam Piet Sikma der as winner út, mar noch gjin twadde priiswinner. Nauta en Eringa ferlearen beide fan Sikma, mar spilen remise tsjin elkoar. Nei safolle baraazjes en in swiere damholle is besletten om te lotsjen foar de twadde priis. Lieuwe wie de lokkige.

     

    De priiswinners giene mei in grut oerleveringspakket nei hûs. De minsken sûnder priizen giene net mei lege hannen nei hûs ta. Foar elkenien lei der in Fryske sûkerbôle klear.

     

    De priiswinners op dizze damdei wiene:

     

    Ereklasse, groep 1: 1. Tjerk Wijbenga (Arum), 2. Cor Kooistra (Nijlân)

    Ereklasse, groep 2: 1. Sjoerd Couperus (Snits), 2. Taeke Kooistra (Hartwert)

    Haadklasse, groep 1: 1. Gerrit Schilstra (Boalsert)2. Herman Terwisscha van Scheltinga (Nijlân)

    Haadklasse, groep 2: 1. Germ Bruinsma (Wommels), 2. Jesse Jan Boschma (Boalsert)

    Haadklasse, groep 3: 1. Sjoerd Kooistra (Boalsert), 2. Klaas Abma (Hartwert)

    1e klasse: 1. Piet Sikma (Hartwert), 2. Lieuwe Eringa (Burchwert)

     

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Attema Heeg
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch