• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Hartwerter damklup dochs de sterkste

     


    Selden sil it op it klupkampioenskip fan it Dambûn Frysk Spul sa spannend west ha as ôfrûne sneon yn Easterein. De fjouwer ploegen yn e kampioensklasse wiene folslein oaninoar weage. Ek al einige net ien wedstriid yn in lykspul, de oerwinnings wiene allegearre mar in knikker op e kant, mei hyltyd útslaggen fan 5-3, of sels 4,5-3,5. Likegoed wie de einstân wol wer likernôch neffens de ferwachting, want Hartwert besette it earste plak en waard dêrmei klupkampioen.

     

    Dat Hartwert de sterkste damklup fan Fryslân hat, die ek bliken út de prestaasjes fan it twadde tiim. Dat wie dit jier trochkrongen ta de heechste klasse, soks ten koste fan it degradearre Aldegea (SWF), oars altyd net wei te tinken op it heechste nivo. De Hartwerter reserves diene it opfallende goed. Tsjin de sterke bruorren fan har eigen klup gongen se der ek net foar omlizzen. It like hiel even oft der in grutte sportive sensaasje oan stie te kommen, mar mei 4,5-3,5 wûn Hartwert I dochs noch, ek al wie dat wol mei it lytst mooglike ferskil.

     

    Mei deselde sifers gong Hartwert II ek kopke ûnder tsjin Lollum. De ploech fan damklup "De Rûge Wolf" hat in ûnlykwichtige gearstalling. Mei Foeke Tiemensma en Marten Walinga meie de Lollumers dan wol twa fertsjintwurdigers fan de top fjouwer fan it Frysk damjen efter de heechste buorden hawwe, de legere buorden binne by de Lollumers folle swakker beset. De foar dizze gelegenheid fan stâl helle Jouke Agra koe dat net goedmeitsje, ek al helle dy skaker, dy t al yn gjin fjouwer jier net mear in damhoutsje oanrekke hie, dochs noch twa oerwinnings. Sa fersloech er tsjin Skearnegoutum de sterke Sjoerd Jan Bakker. Likegoed lutsen "De Stadige Strikers" mei 4,5-3,5 wol oan e langste ein, dat de tredde en lêste omloop rûn dochs wer út op in klassike finale tusken Hartwert I en Skearnegoutum.

     

    Dêryn besochte de Skearnegoutumers mei alle macht om harren ferrassende kampioenskip fan ferline jier in ferfolch te jaan. Dat slagge úteinliks net. De striid waard beslist op it earste boerd, dêr t de twa sterkste Fryske dammers foar elkoar oer kamen te sitten. Lange tiid wie de partij tusken Jelle Wiersma en Taeke Kooistra ûndúdlik, mar yn it einspul luts de Hartwerter Kooistra it inisjatyf nei him ta, en sa koed er syn doarp it kampioenskip besoargje.

    Yn e twadde klasse wiene de saken ûnderwilens al lang wer rjochtset. Mei romme oerwinnings op Blauhús, De Gaastmar en Skearnegoutum II promovearre Aldegea mei flage en wimpel. Opmerklik wie hjir it damjen fan it jeuchlike talint Herre Klaas Ykema. De Gaastmarder basisskoallelearling helle twa kreaze oerwinnings.

     

    De tredde klasse waard wûn troch Jorwert, ek al gong dat net fan in laaien dakje. Sa koene de dammers fan "Oefening Kweekt Kunst" mar skraachoan de kombinaasje Boalsert-Warkum de baas. Dy "Hollânske" dammers woene ek wol ris witte wat se yn it Frysk spul wurdich wiene, en dat bliek net in lyts bytsje te wêzen. Oan e ein besetten se yn dizze klasse sels it twadde plak, noch foar Aldegea II en Hartwert III.

     

    Utslaggen kampioensklasse: Skearnegoutum - Hartwert II 1-0 (5-3), Hartwert I - Lollum 1-0 (4,5-3,5); Lollum - Skearnegoutum 0-1 (3,5-4,5), Hartwert II - Hartwert I 0-1 (3,5-4,5); Hartwert I - Skearnegoutum 1-0 (5-3), Hartwert II - Lollum 0-1 (3,5-4,5).
    Einstân, met tussen haakjes het aantal bordpunten): 1. Hartwert I 3 (14); 2. Skearnegoutum 2 (12,5); 3. Lollum 1 (11,5); 4. Hartwert II 0 (10).

     

    Twadde klasse: Aldegea (SWF) - Skearnegoutum II 1-0 (8-0), Blauhús - De Gaastmar 0,5-0,5 (4-4); De Gaastmar - Aldegea 0-1 (2-6), Skearnegoutum II - Blauhús 0-2 (0-8); Blauhús - Aldegea 0-1 (2,5-5,5), Skearnegoutum II - De Gaastmar 0-1 (0,5-7,5).
    Einstân: 1. Aldegea 3 (19,5); 2. Blauhús 1,5 (14,5); 3. De Gaastmar 1,5 (13,5); Skearnegoutum II 0 (0,5).

     

    Tredde klasse: Jorwert - Boalsert-Warkum 1-0 (4-3), Aldegea II - Hartwert III 1-0 (5-2); Hartwert III - Jorwert 0-1 (3-4), Boalsert-Warkum - Aldegea II 1-0 (4-3); Aldegea II - Jorwert 0-1 (0,5-6,5), Boalsert-Warkum - Hartwert III 1-0 (4,5-1,5).
    Einstân: 1. Jorwert 3 (14,5); 2. Boalsert-Warkum 2 (11,5); 3. Aldegea II 1 (8,5); 4. Hartwert III 0 (6,5).

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Noflik
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch