• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Harmen Westra en Bouwe Overwyk kampioen Frysk damjen

     

    Winner bij de pupillen Bouwe Overwijk Westhim lid fan damklub "De Skyfkes" fan Blauhús

    Winner bij de Jeugd - Harmen Westra - fan damclub "de rûge wolf" fan Lollum.

    HARMEN WESTRA EN BOUWE OVERWYK KAMPIOEN FRYSK DAMJEN
    Sneon 9 maart wie yn’t clubhús Siesa fan Blauhús de finale fan de Persoanlike Kampioenskippen
    foar jeugd en pupillen.
    3 Jeugd en 8 pupillen striiden om de titel Frysk Spul.
    Bij de jeugd 3 dammers; Rindert Walinga,Lammert Stegenga en Harmen Westra.
    Yn ‘e earste rounte hie Harmen beide partijen wûn mar koe hij dit dizze sneon ek?
    Lammert hie wûn fan Rindert en stie twadde. En mei dizze stân op papier giene we los.
    It kleur hout wie no krekt oarsom en dat kin somtiden nog wol ris wat útmeitsje mar Harmen is der net sa gefoelich foar. Hy hat al in protte partijen spyle dit jier en kin mei wyt en zwart út de rie.
    Rindert prebjearre fan alles mar kriich him net tuk, en sa kaem Harmen al op trije punten. Ek Lammert koe Harmen net te pakken nimme dus Harmen Westra fan damclub “De Ruge Wolf”pakte de wikselbeker wer werom. It foarich jier moast der nog syn meardere erkenne yn Hielke Walinga die der dit jier net mear bij wie.

    De pupillen wiene mei 24 dammers begûn en nei twa foarrondes, giene troch nei de finale;
    Johan Martens de winner fan 2012, Domien Witteveen, Marten Stegenga, Hedser Stegenga, Nynke Huitema, Jeljer Westra, Johannes Zylstra en Bouwe Overwyk . Dizze 8 dammerkes makken der in pracht middei fan en wat wiene der mooie setsjes bij. Yn de foarrondes wiene der al wat partijen spyle en sa hiene in oantal spylers al in punt of selfs twa punten. It bliuwt Frysk Damjen en deryn is altyd nog fan alles mooglik. Johan hie yn de foarronde al in punt ferspyle tsjin Bouwe en dat makke Bouwe dizze middei miskien wol hiel sterk. Domien stie nei de foarrondes al op twa punten, wie op foarhân dus al wat yn de winning mood. No wie it skema sa dat Domien drekt tjin Bouwe koe en der sloeg Bouwe wol syn slach,
    hy wûn. De twadde tsjinstander fan Bouwe wie Johannes en dat wie ek net de makkelikste (Johannes is yn de kompetitie net te ferslaan) mar Bouwe wie net te hâlden hij batste oer him hinne. De man mei de hoed Jeljer Westra makke yn syn earste partij tsjin Marten Stegenga in sterke yndruk mar soe letter yn it toernooi gjin potten meer brekke kinne, toch hat hy dizze middei geweldich damt. Meinamme tjin Bouwe de party, die der winne koe. Yn de leste omloop stie Bouwe der poerbest foar hij hie 1 punt voor op Domien en 2 op Jehannes en Johan. It gie hjir om it earste oant it fjirde plak. Domien moast dus winne tjin Johan om der nog in beslissingspartij út te slepen tsjin Bouwe, en dat die der ,mar dan moast Bouwe wol ferlenne en no hie hy dat de hiele middei nog net dient en die dat no ek net tjin Nynke. Dus wie BOUWE Overwijk ut Westhim lid fan damklub “De Skyfkes” fan Blauhús kampioen bij de pupillen. Domien Witteveen twadde en Johannes Zijlstra tredde die de partij wûn tsjin Marten.

    Utslach Pupillen;
    Nynke – Domien 0-1 Bouwe - Johan 1-0 Johannes-Jeljer 1-0 Marten –Hedser 0-1.
    Domien – Bouwe 0-1 Johan – Nynke 1-0 Jeljer – Marten 1-0 Hedser –Johannes 0-1.
    Domien – Hedser 1-0 Johan – Jeljer 1-0 Nynke – Marten 1-0 Bouwe – Johannes 1-0.
    Johannes – Domien 0-1 Marten – Johan 0-1 Nynke – Jeljer 0-1 Bouwe – Hedser 1-0.
    Domien - Marten 1-0 Johan – Johannes 0-1 Jeljer – Bouwe 0-1 Hedser – Nynke 0-1.
    Jeljer – Domien 0-1 Johan – Hedser 1-0 Nynke – Johannes 0-1 Marten – Bouwe 0-1.
    Domien – Johan 1-0 Hedser – Jeljer 0-1 Bouwe – Nynke 1-0 Johannes – Marten 1-0.

    Kampioen. 1. BOUWE OVERWYK Westhim 7 punten.
    2. Domien Witteveen Blauhús 6 `` ``
    3. Johannes Zylstra Wolsum 5 `` ``
    4. Johan Martens Aldegea SWF 4 `` ``
    5. Jeljer Westra Lollum 3 `` ``
    6. Nynke Huitema Blauhús 1 punt .(2)
    7. Marten Stegenga Aldegea SWF 1 punt. (1)
    8. Hedser Stegenga Aldegea SWF 1 punt. (0)

    Utslach Jeugd;
    Harmen –Rindert 1-0 Lammert–Harmen 0-1 Rindert–Lammert 0-1.
    Rindert–Harmen 0-1 Harmen–Lammert 1-0 Lammert–Rindert 1-0.
    Kampioen 1. HARMEN WESTRA. Lollum 4 punten
    2. Lammert Segenga. Aldegea SWF 2 `` ``
    3. Rindert Walinga. Waaxens 0 `` ``

    Damboun Frysk Spul/Jappie de Jong.



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Walinga
    • Wiersma Wommels
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Leanbedriuw Okkema
    • Repko Sneek
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch