• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In tige fleurige jĂ»n by de Stadige Strikers

    Men soe mooglik ferwachtsje dat de Strikers ôfrûne moandeitejûn as deade fûgeltsjes byinoar sitte  soene en by de kofje in pear bitterkoekjes opkôgje soenen. Dat allegearre fanwegen it feit dat se har titel kwyt rekken de sneons dêrfoar.Neat is minder wier. Der hong in tige fleurige sfear. Mooglik hie dat te meitsjen mei ús gast Paul, dy’t hiel graach de kompetysje meispylje woe en fuort al in grouwe punt pakte. Miskien kaam it ek wol omdat Ype Boelens en Dicky van der Meer har opjûn hiene foar de tredde acht. Moai foar de klup, mar yn it bysûnder moai foar it damjen yn syn algemienens. Sy moasten yn in twakamp útmeitsje wa’t it sânde en it achtste boerd besette mocht. Fansels hie it spul noch mear gewicht, want de útslach waard ek opnommen yn de kompetysjestân.Om in lang ferhaal koart te meitsjen: Ype koe hiel gau dien wurk meitsje troch in mâl slipperke fan Dicky.

     

    En dan de partij fan Sjoerd Jan Bakker tsjin Jelle Wiersma. Is Jelle wat út foarm? Sit er earne mei? Dat damjen giet him net sa linich ôf as wat wy wend binne fan him. Sjoerd jan joech him prima partij. Sterker noch: Bakker, sneon yn de earste omloop aardich wekker skrokken, struts as in tierelier. Al kleiend en earmoedzjend stie er sa mar folle better as Jelle. Hy liet syn ein net mear slûpe en wûn. Fansels wie er wakker wiis mei de punt, mar dat wie Willem Schaap ek: “Ik ha no de lieding wer nommen” Dyselde Willem wûn in partijke frysk tsjin Cor Kooistra. Syn jûn koe net better.

     

    Se hie it yn hannen. De âlde Bauke de Boer hie se hielendal yn de skjirre. Allinne spitich dat Tineke nei’t de partij út wie, wist hoe’t se knippe moatten hie. Dat die se krekt efkes ferkeard en doe liet se in heale punt fleane. Se seach it sels. Net in oar dy’t har der op hoegde te wizen. “Doe’t ik setten hie, tocht ik wat dom. Dat hie krekt oars moatten!” Bauke Bos krige ek in partij oan de kont. Dat binne wy eins net mear sa wend. No wie oer alle einen en kanten Rients Winia him de baas.

     

    Utslaggen: Bauke de Boer – Tineke Teigeler ½ - ½; Paul Borghaart – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Bos – Rients Wynia 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 1 – 0; Dicky van der Meer – Ype Boelens 0 – 1; Fiif tsjin fiif: Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 1 – 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Narwal
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Walinga
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch