• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Ype Boelens wurdt Jelle Wiersma syn angstgegner?

    Der binne fan dy dammers dêr kinne jo mar net fan winne. Jelle Wiersma hat dêr gewoanwei gjin lêst fan. Dy wint fan elkenien. Net dat er nea ferliest, mar op de klup pakt er de measten yn. Sjoerd jan Bakker hat noch wolris kamp tsjin him, mar no lapt Ype Boelens it al ferskate kearen om de grutmaster op kamp te hâlden. Sjocht Jelle yn Ype miskien in angstgegner? Soe Jelle ek al in bytsje pinebúk krigen ha, doe’t er fan de wedstriidlieder te hearren krige dat er tsjin Ype moast? It wie yn elts gefal sa dat er der mar wat healwiis op kaam te stean. Ypekoe mei twa houtsjes aardich opskowe nei de hast lege lange hoeke fan de kampioen. It like der suver wol op dat Ype winne soe, mar Jelle koe it dochs op kamp hâlde. Ype fansels wer út de skroeven, want it jout mar neat as jo kamp spylje tsjin de man dy’t in wykmannich lyn noch as Nederlânsk kampioen FRYSK yn de krante pronke, dan ha jo it net min dien.

     

    Oer fiif tsjin fiif sprutsen. Bakker en Kooistra moasten har dêr mei dwaande hâlde. Bakker is in krekte einspulspiler. Hy soe op in toernoai fêst hege eagen goaie op dit ûnderdiel, mar Sjoerd jan hâldt it by de klupaktiviteiten. Dat is ek moai fansels. It spultsje komt krekt en Bakker rekkene justjes better as syn tsjinstanner. Dat hie net hoegd, mar dan hie de lêste oars strike en langer tinke moatten. Tsjerk Wiersma wie ek wer fan de partij. Hy moast him noch wat tariede op de klupkampioenskippen yn Easterein.. Hy spile tsjin Bauke de Boer. Earst al in stik of wat spultsjes út ’e nocht. Letter ien út echt. Dat koe de man net hâlde, mar ja wat wol je ek De Boer is ek seis jier âlder. Tineke gyng wer mei in grouwe punt nei hûs. Sy koe it skoan winne fan Rients Wynia, dy’t dus nei in oantal winstpartijen yn de lêste wiken no wer it soer fan de nederlaach priuwe moast.

     

    Utslaggen: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens ½ - ½; Dicky van der Meer – Willem Schaap 0 – 1; Tineke Teigeler – Rients Wynia 1 – 0; Bauke de Boer – Tsjerk Wiersma 1 – 0. Fiif tsjin fiif: Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Walinga
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Wiersma Wommels
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch