• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Stryk Ta yn Blauhus

     

    troch Leo Altena

     

    Freed 27 jannewaris wie de jierlikse Stryk Ta-dammerij yn it Blauhúster kluphûs Siesa, en nettsjinsteande de iepen iisbanen rûnom kamen dêr wol 30 dammers op ta. Der waard natuerlik wer damd om dy bekende en ferskriklik lekkere taartsjes fan Bakkerij Popma, beskikber steld troch HANDELSUNDERNIMMING JAPPIE ZEINSTRA! De Skyfkes hiene  wol wat noed hân oer it tal dielnimmers omdat ferskate oare wedstriden op freedtejûn plend wiene en dat de kompetysjejûn yn Blauhús is … Mar gelokkich foel it ta en de ploech fan De Gaastmar hie sels 3 jeugddammers meinommen!

     

    Der waard flot nei 7 oere starten yn 6 groepen fan 4 spilers en ien mixgroep fan 6 spilers, fakkundich opmakke troch Bernard Kroon, dy t dêrfoar in grut applaus fertsjinne! In spesjaal wolkom wie der fansels foar de jeugd út De Gaastmar, en om dy jongens wat temjitte te kommen waard ûnder it dammen de radio oansetten. Net elkenien wie it mei de kar fan Sky Radio iens mar ja … Katy Perry en Bruno Mars seit net eltsenien wat!

     

    Yn de eareklasse hie Folkert Groenveld it measte lêst fan konsentraasjeferlies, dat hy moast Cor Kooistra, Tjerk Wijbinga (lytse taart) en fansels Jelle Wiersma (grutte taart) foargean litte. Mar it kin by de persoanlike kampioenskippen sa wer oars wêze …

     

    De haadklasse A hie twa útsprutsen winners yn Gatze Ykema en Bernard Kroon, mar yn groep 3 makken Liuwe Westra, Fedde Wiersma en Jappie de Jong der in spannende striid fan. De ûnderlinge striid tusken Liuwe en Fedde wie beslissend, mar úteinliks gong, lykas elts jier, Liuwe mei de grutte taart oan de haal. Twadde plakken wiene hjir foar Manfred de Wolff, Willem Hoekstra en dus Fedde Wiersma. De mannen dy t hjir it measte lêst hiene fan óf de musyk óf it bier óf de gesellichheid óf it nije bestean as pake wiene Siebren Dyk en Klaas Wiersma mei 0 punten …

     

    De measte spanning wie der yn de earste klasse, dêrmt hast elkenien fan elkenien wûn. Yn groep ien einigen Epke Bootsma en Beke Haanstra gelyk mei 2 punten, mar Epke hie wol fan Beke wûn en dy pakte dus de earste priis. Yn de twadde groep eindigen sels trije mannen mei 2 punten: Johan Gerard Popma, Sytze de Jong en Marcel Altena. Mar de waarme bakker seach der fan ôf om syn eigenmakke taart te winnen, dat Sytze en Marcel mochten der doe noch om damme. Gelokkich wie Sytze net op e fyts want hij pakte de grutte taart en Marcel dus de lytse. 

     

    De mixgroep fan de 2e en 3e klasse wie der ien fan dúdlike útslagen. Sa wûn Johan Flapper mei oermacht de grutte taart yn de twadde klasse en waard Gerlof Postma twadde. Yn de tredde klasse koe Sietse van Netten gjin punt skoare tsjin syn jeugdmaten, mar hy kriich wol in ‘broadsje knak’. Feike Wiegersma wûn fan Sietse mar ferlear fan Herre Klaas Ykema en hie dus de lytse taart te pakken. En sa at Blauhúster Michiel Zeinstra al wit fan Easterein, kin dy Herre Klaas bêst damme: hy pakte de earste priis en dus de grutte taart!

     

    Tusken de twadde en tredde omloop waard noch lotte foar de heale finales foar de Fryslân Kup en Jappie noadige fêst iderien út foar de finale op freed 7 april yn Siesa. Dan is der ek wer it frouljuskampioenskip en in toernoai FRYSK foar de leafhawwers.

     

    Elkenien tige betanke foar it kommen en de sportieve en, foaral, gesellige jûn!

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Walinga
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch