• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Favoriten rinne averij op

    Neffens tradysje moatte yn de earste beide omlopen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul de sterke mannen it opnimme tsjin de wat swakkere bruorren. Dêrby rûnen ôfrûne sneon op de Gaastmar trije fan de fjouwer favoriten foar de titel fuortdaliks al skea op. Inkeld Jelle Wiersma helle tsjin Siebe Walinga (Aldegea-SWF) en Folkert Groenveld (Jutryp) de folle winst, sadat de Wommelser no allinne de kop naam hat.

    De grutste ferrassing wie wol dat achttjinfâldich kampioen Taeke Kooistra út Hartwerttsjin sawol Tjerk Wijbinga (Arum) as Henk Haanstra (Aldegea-SWF) net fierder kaam as in kampspul. De Frjentsjerter Foeke Tiemensma levere ek fuortdaliks al in fol punt yn troch ferlies tsjin Groenveld. En ek Marten Walinga (Waaksens) rekke in heal punt kwyt tsjin Wijbinga.

     

    Te sjen oan it grutte tal remizepartijen lykje de dammers yn de twadde acht oan elkoar weage. Ynearsten steane Sjoerd Jan Bakker (Snits), Cor Kooistra (Nijlân) en Hein de Vries (Ljouwert) hjir boppeoan mei elkmis oardel punt. De tredde acht liet in daverjende ferrassing sjen. Degradaasjekandidaat Siebren Dyk út Jorwert wûn as iennichste tsjin Willem Schaap (Dearsum) en good old Sjoerd Couperus (Snits) syn beide partijen. Dêrmei hat er in fol punt foarsprong nam op e rest fan it fjild. 

     

    Utslaggen en stannen:

    Kampioensklasse earste omloop: Tjerk Wijbinga (Arum) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 1-0. Twadde omloop: Kooistra - Haanstra 0,5-0,5; M. Walinga - Wijbinga 0,5-0,5; Wiersma - Groenveld 1-0; Tiemensma - S. Walinga 1-0.

    Stân: Wiersma 2; M. Walinga 1,5; Groenveld, Kooistra, Tiemensma en Wijbinga 1; Haanstra 0,5; S. Walinga 0.

     

    Twadde acht earste omloop: Pieter Hoogterp (Gaastmar) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) - Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1. Twadde omloop: Dijkstra - Wiersma 0-1; Kooistra - Tijssen 0,5-0,5; De Vries - Hoekstra 0,5-0,5; Bakker - Hoogterp 0,5-0,5.

    Stân: Bakker, Kooistra en De Vries 1,5; Dijkstra en Wiersma 1; Hoekstra, Hoogterp en Tijssen 0,5.

     

    Tredde acht earste omloop: Siebren Dyk (Jorwert) - Willem Schaap (Dearsum) 1-0; Liuwe Westra (Lollum) - Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; Ype Boelens (Menaam) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) - Rindert Walinga (Waaksens) 0-1. Twadde omloop: Schaap - Westra 1-0; Couperus - Dyk 0-1; Wiersma - Van der Meer 0-1; Walinga - Boelens 0-1.

    Stân: Dyk 2; Boelens, Couperus, Van der Meer, Schaap, Walinga en Wiersma 1; Westra 0.

     

    (Tekst: S. Dyk)



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Lip en partners
    Dizze webside is mei mooglik makke troch