• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma wint ek fluchdamkampioenskip

    Dit damjier is hielendal foar Jelle Wiersma út Wommels. Fjirtjin dagen lyn state er regearjend persoanlik kampioen Taeke Kooistra al fan syn troan, en freedtejûn liet er by it fluchdamkampioenskip sjen dat dat net alhiel in ferrassing wie. As iennichste wist er út sân omlopen mar leafst 6,5 punten te heljen. Dêrmei waard ien ding dúdlik: Wiersma is op dit stuit de sterkste dammer yn it Fryske spul.

     

    Wiersma hie dêr oars al in lyts bytsje de help by nedich fan Cor Kooistra (Nijlân). Yn in streekrjocht duel pleegde dy in foech bruorremoard op Taeke Kooistra. Dêrtroch kaam de Hartwerter net fierder as 5,5 punten, likefolle as Tjerk Wijbinga (Arum) en Stoffel Bouma (Easterein), en allinnich tapassing fan it SB-systeem makke dat de Kooistra úteinliks dochs noch op it eareskavot telâne kaam. Cor Kooistra wie mei 6 punten hiel tefreden oer syn twadde plak.

     

    It wie yn yn Blauhús in bysûndere dammerij. Foar de twadde kear waard it fluchdamkampioenskip yntegraal op it ynternetkanaal fan Omrop Fryslân yntegraal útstjoerd. Dat makke dat it barren ek wat optúgd wie. It begûn der al mei dat de âld-kampioen Marten Walinga ûnder triomfantlike muzykklanken en begelaat fan in rige yn wyt en swart oanklaaide Blauhúster jeugddammerkes de seal ynlaat waard. De "Voices" Johannes Rypma en Piet Kroes brochten ek in besite oan kafee "De Freonskip", en sy skoden tsjin elkoar ek noch even in potsje. Alles waard oaninoar praat troch spraakwetterfal Klaas Jansma, dy't mei syn grapjeierij makke dat der by in serieus kampioenskip as ditte ek noch lake wurde koe.

    Einstannen kampioenskip fluchdamjen Frysk spul yn Blauhús op 1 maart 2013

     

    (It sifer tusken heakjes is de klasseyndieling; der wiene trije klassen neffens spylsterkte. De fierdere folchoarder fan de spilers is neffens it SB-systeem. It kampioenskip gong oer sân omlopen.)

     

    6,5 punten: Jelle Wiersma (1).
    6: Cor Kooistra (1).
    5,5: Taeke Kooistra (1), Tjerk Wijbinga (1) en Stoffel Bouma (1).
    5: Foeke Tiemensma (1), Kees Thijssen (1), Folkert Groenveld (1), Marten Walinga (1) en Germ Terpstra (1).
    4,5: Herman Terwischa van Scheltinga (2), Sjoerd Kooistra (2), Pieter Hoogterp (1) en Willem Hoekstra (1).
    4: Bernard Kroon (2), Willem Schaap (2), Manfred de Wolf (2), Jan Bouma (3), Harmen Westra (2), Sjouke Schilstra (3), Dicky van der Meer (2) en Liuwe Westra (2).
    3,5: Leo Altena (2), Jouke Wijnja (2), Sjoerd Couperus (2), Jesse Boschma (2), Rein Jan Walinga (2), Harry Postma (2) en Sietse de Jong (3).
    3: Gerrit Schilstra (2), Folkert Attema (2), Siebren Dyk (3), Marcel Altena (2), Johan Flapper (3), Michiel Zeinstra (3), Wiepke Attema (3), Durk Rypma (3), Rindert Walinga (3), en Bauke de Boer (3).
    2.5: Sjouke Attema (3) en Johannes Hoekstra (3).
    2: Eppie Bootsma (3), Bauke Bos (3), Hennie de Haan (3), Beke Haanstra (3), George Galema (3), John Weel (3) en Arjan Bakker (3).
    1,5: Tineke Teigeler (3).
    1: Herman Bakker (3) en Lammert Stegenga (3).
    0: Folkert Kupers (3)



    << Werom


    Sponsors:

    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Rabobank
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    Dizze webside is mei mooglik makke troch