• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It kampke foar it gripen en dochs noch weijĂ»n

    Der waard moandeitejûn no net bepaald folop damme. Yn it foarste plak kaam dat om’t der trije dammers in frije jûn opnamen. Dat diene se yn ferbân mei de persoanlike kampioenskippen de jûn dêrnei. Fjouwer pk-ers wiene wol paraat. Twa dêrfan, Jelle en Willem spilen in potsje Frysk (5 tsjin 5) foar de kompetysje. Yn de twadde klasse strutsen Bauke Bos en Paul Borghaerts harren earste partij fan de kompetysje. Yn dy partij wie it kampke te gripenDe partij tusken Bauke en Paul gie moai lyk op. Geandewei like Paul der wat better op te stean. It like net allinne sa, it wie ek sa. De omsteanders ferwachten dan ek dat Bauke oan it koartste ein lûke soe. Der siet lykwols noch wol muzyk yn foar de Sint Nykster. Dan moast syn tsjinstanner wol wat meihelpe. Dy Paul is fansels in goeie fint, dat seagen de oaren fuort al doe’t er in pear wike lyn him by de Stadgie Strikers oanmelde. Hy wie op it boerd lykwols  wat te goed. Wêr Bauke op longere, op loerde, barde ek. Paul skode efter en sette dêrmei twa houtsjes op slach. Bauke koe doe mei syn oare hout plakke. It gefolch wie dat beide in daam krigen, wêrby Paul ek noch oer in houtsje beskikte. De stân wie sadanich dat it altiten remize wurde soe. Dat barde net. It sil in black-out west ha, mar Paul sette syn daam samar foar de grypgrage wolf fan syn tsjinstanner. Dan komme jo sneu fan jo heale puntsje ôf.

     

    Tineke Teigeler krige mar leafst twa dammen. Hennie de Haan hie der ien. Dus dat betsjutte dat de partij yn sân setten beslikke wêze moast. Der moat by sein wurde dat Tineke har beide dammen ûngaadlik stûnen. De fangstelling moatte jo yn de lange of de koarte hoeke opbouwe. Hennie besette de lange line en makke it Tineke dreech om wat op te bouwen. It slagge har dan ek net en dielden se it punt. Willem Schaap ferlear fan Jelle Wiersma it potsje Frysk. Mei dat resultaat sil Jelle de kopposysje yn de kompetysje wol wer fan Willem oernommen ha. Sjoerd Jan Bakker en Rients Wynia spilen tsjin Cor Kooistra. Beide partijen foar de aardichheid. It bleau net by twa spultsjes. Der waard lustich op los strutsen, mar de Strikers ha noch nea sa gau út west. Se hoegden diskear it ljocht net út te dwaan.

     

    Utslaggen: Paul Borghaerts – Bauke Bos 0 – 1; Frysk:Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler ½ -- ½.

     

    (C. Kooistra)



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Walinga
    • Rabobank
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Narwal
    • Leanbedriuw Okkema
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch