• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.
  • Jelle Wiersma Frysk damkampioen
  • Gau efkes strike en dan op in draaf ne
  • Jelle Wiersma nimt foarsprong yn damba
  • Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Taeke Kooistra fan slach

    It rint dit jier by it persoanlik kampioenskip mei Taeke Kooistra oars as yn oare jierren. Moast de achttjinfâldich kampioen ôfrûne sneon al twa kampspullen tastean, tiisdeitejûn yn Jorwert bleau er hielendal mei lege hannen efter. Yn in drege partij hie Foeke Tiemensma him optlêst te fiter. De Frjentsjerter liet dêrmei sjen dat der dit jier dochs rekken mei him holden wurde moat, ek al liet hy sneon yn de Gaastmar ek al in punt lizze. 

     

    Der is ien man dy t de punten net fergriemt. Dat is Jelle Wiersma. Neiste konkurrint Marten Walinga miende tiisdei dat er der hiel bêst foar stie, mar seach yn it lette middenspul in finesse oer de kop. Wiersma bruts troch nei daam en pluze ûnderweis ek noch wat fijanlike houtsjes op. Spinnidich op himsels moast Walinga him doe wol de hân jaan. Walinga waard op de ranglist net allinnich foarbygien troch Tiemensma, mar ek nochris troch Tjerk Wijbenga. De Arumer dammet dit jier konstant en op in heech nivo, en liet tsjin Folkert Groenveld sjen hoe t jo in lestich einspul ta in goed ein bringe kinne. It langst sieten de beide Aldegeasters Henk Haanstra en Siebe Walinga efter it boerd. It wie al yn it begjin fan de nacht dat se besleaten om elk mei in heal punt de fredespipe oan te stekken.

     

    Yn de twadde klasse heakke Sjoerd Jan Bakker ynearsten ôf. Hein de Vries wie te sterk foar him. De Ljouwerter bleau dêrmei oan kop, mar hy hat noch selskip fan Cor Kooistra, dy t Bauke Dijkstra omlei. Pieter Hoogterp en Kees Tijssen melden har yn de middenmoat, soks ten koste fan Willem Hoekstra en Fedde Wiersma. 

     

    Siebren Dyk hat nei syn beide earste winstpartijen yn de tredde klasse in pear dagen boppe de ierde sweefd, mar tiisdeitejûn kaam er mei in hurde klap wer yn de hurde wrâld werom. As earste fan de jûn moast er de hân útstekke, neidat tsjinstanner Dicky van der Meer in ferneatigjende slach op it boerd tsjoend hie. Dizze klasse hat oars in moaie kopgroep krigen: mar leafst fiif man ha 2 punten. Njonken Dyk en Van der Meer hearre Willem Schaap, Sjoerd Couperus en Ype Boelens ek ta dy elite. Rindert Walinga, Klaas Wiersma en Liuwe Westra wiene har slachtoffers. 

     

    Kommende sneon wurdt it kampioenskip fuortset yn kafee De Freonskip yn Blauhús.

     

    Utslaggen fan de tredde omloop en de tuskenstannen:

     

    Kampioensklasse tredde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 0-1; Marten Walinga (Waaksens) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Tjerk Wijbenga (Arum) - Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) - Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5.

    Stân: Wiersma 3; Tiemensma en Wijbenga 2; M. Walinga 1,5; Groenveld, Haanstra en Kooistra 1; S. Walinga 0,5.

     

    Twadde acht tredde omloop: Cor Kooistra (Nijlân) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0; Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 1-0; Kees Tijssen (Reduzum) - Fedde Wiersma (Easterein) 1-0.

    Stân: Kooistra en De Vries 2,5; Bakker, Hoogterp en Tijssen 1,5; Dijkstra en Wiersma 1; Hoekstra 0,5.

     

    Tredde acht tredde omloop: Willem Schaap (Dearsum) - Rindert Walinga (Waaksens) 1-0; Sjoerd Couperus (Snits) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Siebren Dyk (Jorwert) - Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) - Ype Boelens (Menaam) 0-1.

    Stân: Boelens, Couperus, Dyk, Van der Meer en Schaap 2; Walinga en Wiersma 1; Westra 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Leanbedriuw Okkema
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Wiersma Wommels
    • Walinga
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch