• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Spanning yn kampioenskip wer werom

     

    It wie sneon yn Blauhús by de fjirde en fyfde omloop fan it persoanlik kampioenskip de dei fan Henk Haanstra. Dêr like it oars earst hielendal net op. De Aldegeaster hie nei eigensizzen in minne nacht hân. Hy fielde him siik en mislik. It is net alhiel dúdlik oft dat kaam troch it programma dat er de deis dêrnei ôfwurkje moast, mar hoe dan ek, dat wie ek net mislik. De moarns tsjin de sterke Foeke Tiemensma, en de middeis tsjin nimmen minder as de koprinder Jelle Wiersma.

     

    Haanstra hie fan tefoaren Tiemensma syn wize fan spyljen goed bestudearre, en hy hie him dêr op taret mei in nijichheidsje dêr t de Frjentsjerter yndied yn fleach. Haanstra helle út de iepening wei in daam. Dat gong wol ten koste fan in houtsje, en hy wist dat er dy daam ek net hâlde koe, mar de stelling dy t oerbleau wie wol altiten winst foar de Aldegeaster.

     

    De middeis moast er dan tsjin koprinder Jelle Wiersma. De Wommelser hie op dat pas alles noch wûn, de moarns ek noch syn partij tsjin de dit jier ferrassend goed spyljende Arumer Tjerk Wijbenga. It gong aardich lykop, mar mei noch frijwat hout op it boerd kaam Wiersma op in stuit al oan. Hy moast doe wol twa skiven offerje. Dêr krige er wol in daam foar werom, mar Haanstra koe ek trochrinne, en boppedat stie Wiersma syn oerbliuwende stelling frijwat kwetsber opsteld. Dy bliek nei de tiidkontrôle dan ek net mear te hâlden.

     

    Wiersma stiet noch altyd allinne oan kop, mar Marten Walinga (Waaksens), dy t fan syn broer Siebe en fan de Jutriper Folkert Groenveld wûn, hat mar in heal puntsje minder. Ek noch kânshawwers binne Foeke Tiemensma en Taeke Kooistra, dy t noch in wedstriid te goede hat. Omdat oare wike yn e finale al dy favoriten noch tsjininoar moatte, hat Haanstra op papier it maklikste programma. In ferrassing hinget dan ek yn e loft.

     

    Yn e twadde acht wie der ek al in koprinder dy t sneuvele. CorKooistra (Nijlân) liet it yn e fyfde omloop sitte tsjin de Aldegeaster reade lantearnedrager Willem Hoekstra. De Ljouwerter Hein de Vries, dy t oars wol in kampspul oan de feteraan Kees Tijssen (Reduzum) tastean moast, giet hjir no allinnich oan kop. Yn e tredde acht binne noch fjouwer dammers dy t promovearje kinne. Under harren de oant no ta ferrassende Jorwerter Siebren Dyk, dy t fan Klaas Wiersma (Nijbeets) wûn, en him tsjin it jeuchlike talint Rindert Walinga út Waaksens dochs noch nei in remize focht.

     

     

    Utslaggen en stannen:

    Fjirde omloop kampioensklasse: Siebe Walinga (Aldegea-SWF) - Taeke Kooistra (Hartwert) útsteld; Folkert Groenveld (Jutryp) - Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Tjerk Wijbenga (Arum) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 1-0. Fyfde omloop: Kooistra - Groenveld 1-0; M. Walinga - S. Walinga 1-0; Wiersma - Haanstra 0-1; Tiemensma - Wijbenga 1-0.

    Stân: Wiersma 5-4; M. Walinga 5-3,5; Haanstra en Tiemensma 5-3; Kooistra 4-2; Wijbenga 5-2; Groenveld 5-1; S. Walinga 4-0,5.

     

    Twadde acht fjirde omloop: Fedde Wiersma (Easterein) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0-1; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0. Fyfde omloop: Kooistra  - Hoekstra 0-1; Bakker - Wiersma 0,5-0,5; De Vries - Tijssen 0,5-0,5; Dijkstra  - Hoogterp 0-1.

    Stân: De Vries 4; Kooistra 3,5; Bakker en Tijssen 3; Hoogterp 2,5; Hoekstra en Wiersma 1,5; Dijkstra 1.

     

    Tredde acht fjirde omloop: Ype Boelens (Menaam) - Willem Schaap (Dearsum) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) - Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Liuwe Westra (Lollum) - Rindert Walinga (Waaksens) 0-1. Fyfde omloop: Schaap - Van der Meer 0-1; Couperus - Boelens 1-0; Wiersma - Westra 0-1; Walinga - Dyk 0,5-0,5.

    Stân: Couperus, Dyk en Van der Meer 3,5; Schaap 3; Walinga 2,5; Boelens 2; Westra en Wiersma 1.

     

     

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • D. Kuipers
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Narwal
    • Noflik
    Dizze webside is mei mooglik makke troch