• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • In ferskuorrend saai begjin, mar in prachtich slot

    Foar de twadde wike op rige ûntbruts ús nestor. Dat foel op. De man is der altiten. Net hielendal by it spul sa hearden de Strikers fan syn sjauffeuze. Wy hoopje dat er der nije wike wer by is. Wa’t der wol wie, wie Marjolijn Bakker. Dat die de dammers goed. Dik yn de lytse bern, in toanielspyljende man en dan sjit it damjen der fan mem by yn. Fierders ûntbrutsender trije eareklassers. Dy wiene mooglik drok dwaande mei de tariedingen foar kommende sneon. Dan binne de finalen fan de persoanlike kampioenskippen. Ien partij yn de heechste klasse begûn sa saai as wat, mar einige yn in prachtich slot. "Hjir is net folle oan!” sa hearden de omsitters Willem Schaap en Cor Kooistra protteljen. In spul stiif tsjin de beide kanten oan. Elke spiler likefolle houtsjes oan elke kant. Dat gie sa troch oan foarby it middenspul. Doe ruile Kooistra in hout ôf nei it midden. En de bear wie los! It waard tinken en tellen fan setten. Boppedat koene der noch prachtige lopen yn komme as ien fan beiden in flaterke meitsje soe. Dy foutsjes bleaune út en it waard prachtich útspile. Elk hold in daam en in houtsje oer. Willem syn houtsje drige troch te brekken nei daam, mar dat slagge net, want it hout bedarre yn de fûkestelling en sa wiene beide mannen tefreden mei in heal puntsje elk.

     

    It like der in soad op, dat Hennie de Haan winne soe fan Bauke Bos. De stikjesskriuwer hie it spul healwei ris oereage en tocht doe: “No Bauke hjir krigesto klauwen oan!” In healoerke letter stie it der hiel oars foar. Bauke stie aardich op winst en doe’t Hennie ek noch aardich mei holp, se struts in daam, dy’t se net strike mochten hie, wie Bauke op ’en nij spekkeaper. Ferline wike hie er frouwe Fortune ek al op skurte sitten yn de partij tsjin Paul en no holp frouwe Fortune him wer yn de persoan fan frouwe Hennie. Frouwen! Paul sil wol tocht ha, doe’t Tineke Teigeler in houtsje foar kaam: Blinder dit giet ferkeard. Hy moast him dan ek even omraak opskerpje. Syn foardiel is, dat er in hiel soad ferstân fan hout hat en ek fan damhoutTineke waard mooglik in bytsje dryst en hat miskien tocht dit baaske pak ik wol even yn. Wy witte no wol dat Borghaerts him net sa mar yn pakke lit. Tineke rekke it foardiel kwyt en luts by eintsjebeslút oan it koartste ein. Sjoerd Jan Bakker fandele der wer in hele punt by. Hy fersloech yn in fiif om fiif partij Ype Boelens. Dy’t nei in pear topwiken syn foarm wat kwyt rekket. Dat sil wol te krijen ha de persoanlike kampioenskippen. Twa potsjes spile Marjolijn. Ien grutten en in fiif tsjin fiif. Beide tsjin Rients Wynia. It wie te sjen dat se al wer in hiele hoart gjin houtsje oan rekke hie. Beide spullen ferlear se.

     

    Utslaggen:Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Paul Borghaerts – Tineke Teigeler 1 – 0; Rients Wynia – Marjolijn Bakker 1 – 0; Cor Kooistra – Willem Schaap ½ -- ½; frysk: Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Marjolijn Bakker – Rients Wynia 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Wiersma Wommels
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Noflik
    • Narwal
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Attema Heeg
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch