• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kampioenskip Frysk damjen op langere baan

    It wie dochs wat fan in ôfdijer, by de priisútrikking nei de finale fan de persoanlike kampioenskippen yn it damjen Frysk spul, ôfrûne sneon yn Aldegea (SWF). Nei alle bekers wie it dan ta oan de wichtichste, dy fan it kampioenskip sels. Mar dy koe troch foarsitter Liuwe Westra fan it Dambûn Frysk Spul net oerlange wurde. It gefal wie nammentlik dat twa dammers mei likefolle punten boppeoan einige wiene. Jelle Wiersma en Taeke Kooistra hellen beide 5 punten, en it wedstriidreglemint skriuwt yn san gefal foar dat der noch minimaal twa beslissingswedstriden ferspile wurde moatte om de kampioen oanwize te kinnen.

     

    Dat it hjir op útdraaie soe, sille net in soad tocht ha. Nei trije omlopen fan it kampioenskip hie Kooistra al twa folle ferliespunten oprûn, wylst Wiersma superieur syn partijen ôfhannele. Op dat stuit hie de achttjinfâldich kampioen Kooistra it wol besjoen: "Der wurdt dit jier mar ien kampioen, en dat is Jelle". Kooistra kaam yn de fjirde en fyfde omloop lykwols werom út de nederklits, wylst Wiersma folslein ûnferwachts syn partij tsjin de Aldegeaster Henk Haanstra ferskiet. Sneontemoarn moasten de beide matsjedoaren fan it Frysk damjen it tsjininoar opnimme. Alle houten stiene yn de midden, dat it waard foar de mannen swier harsenskraabjen. Kooistra kaam der krekt wat better op te stean, en makke mei in daamslach in ein oan de partij. Dat betsjutte foar Wiersma it twadde ferliespunt yn it toernoai, en dêrmei hie Kooistra him wer ynhelle.

     

    Der wie noch in tredde dammer dyt op dat stuit op fjouwer punten útkaam. Dat wie de Frjentsjerter Foeke Tiemensma, dyt Marten Walinga (Waaksens) gjin kâns joech. Tiemensma gong dêrmei op de ranglist syn tsjinstanner foarby, nammers ek Aldegeaster Henk Haanstra as de fyfde kânshawwer kampioenskip, want dy liet tsjin Folkert Groenveld (Jutryp) in heal punt sitte.

     

    Yn de sande en lêste omloop soe dan de beslissing komme moatte. Kooistra hie Marten Walinga as tsjinstanner. De Waaksenser makke der op e nij in yngewikkelde boel fan, en dêr wist de Kooistra wol rie mei. Tiemensma hold it dêrfoaroer tsjin Wiersma oersichtlik, mar dat holp him ek net. En sa bleauwen der dus oan de ein twa man oer: Wiersma en Kooistra.

     

     De dammers fan de kampioensklasse mei op de foargrûn Taeke Kooistra (l) tsjin Jelle Wiersma.

     

    Yn de twadde acht rûn de Ljouwerter Hein de Vries der dit jier fier út. Syn beleanning is promoasje nei de kampioensklasse. Hy wurdt beselskippe troch Sjoerd Jan Bakker (Snits). Pieter Hoogterp (De Gaastmar) en Kees Tijssen (Reduzum) kamen ek op 4 punten út, mar Bakker hie de measte wjerstânspunten. Nûmer ien yn de tredde acht waard Willem Schaap fan Dearsum. De Terhernster Dicky van der Meer waard twadde, en mei it dus it kommende jier ek hegerop besykje.

     

    Utslaggen en einstannen:

    Kampioensklasse sechsde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Marten Walinga (Waaksens) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 0-1; Tjerk Wijbenga (Arum) - Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) - Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5. Sande omloop: Kooistra  - M. Walinga 1-0; Tiemensma  - Wiersma 0-1; Haanstra  - Wijbenga 0-1; S. Walinga - Groenveld 1-0.

    Einstân: Kooistra en Wiersma 5; 3. Tiemensma 4; 4. Haanstra 3,5 (27); 5. M. Walinga 3,5 (18); 6. Wijbenga 3; 7. S. Walinga 2,5; 8. F. Groenveld 1,5.

     

    Tweede acht sechsde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) - Cor Kooistra (Nijlân) 1-0; Sjoerd Jan Bakker (Snits) - Bauke Dijkstra (Tijnje) 0-1; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Fedde Wiersma (Easterein) 0,5-0,5; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1. Sande omloop: Kooistra  - Bakker 0-1; Dijkstra  - De Vries 0,5-0,5; Tijssen - Hoogterp 0-1; Wiersma - Hoekstra 1-0.

    Einstân: 1. De Vries 5,5; 2. Bakker 4 (25); 3. Hoogterp 4 (23); 4. Tijssen 4 (23); 5. Kooistra 3,5; 6. Wiersma 3; 7. Dijkstra 2,5; 8. Hoekstra 1,5.

     

    Tredde acht sechsde omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) - Willem Schaap (Dearsum) 0-1; Sjoerd Couperus (Snits) - Rindert Walinga (Waaksens) 0-1; Siebren Dyk (Jorwert) - Ype Boelens (Menaam) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) - Liuwe Westra (Lollum) 1-0. Sande omloop: Schaap  - Couperus 1-0; Walinga  - Wiersma 1-0; Westra - Dyk 0,5-0,5; Boelens - Van der Meer 1-0.

    Einstân: 1. Schaap 5; 2. Van der Meer 4,5 (26,5); 3. Walinga 4,5 (25); 4. Boelens 4 (29); 5. Dyk (25); 6. Couperus 3,5; 7. Westra 1,5; 8. Wiersma 1.

     

    (Tekst en foto: S. Dyk)



    << Werom


    Sponsors:

    • Walinga
    • D. Kuipers
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Lip en partners
    • Repko Sneek
    • Narwal
    • Wiersma Wommels
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    Dizze webside is mei mooglik makke troch