• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kompetysje Stadige Strikers

    Der waard fansels noch wakker neipraat oer de persoanlike kampioenskippen. Jelle Wiersma, dy’t noch kâns hat op it kampioenskip en Willem Schaap en Dicky van der Meer,, dy’t earste en twadde waarden yn de tredde acht en ek Sjoerd Jan Bakker en Ype Boelen hiene knappe risseltaten helle yn harren groep. Ek liet Willem Schaap in skitterende stân sjen, dy’t er spile hie op de dam app en sa is wer ris te sjen wat foar moaie mooglikheden der yn it Fryske spul sitte. Mar fansels waard der ek damd. Nijkeap Paul Borghaerts moast wer tsjin Bauke Bos en woe fansels revanche nimme op de partij fan in pear wike lyn. Bos makke it himsels dreech en moast nei in skoft striken Borghaerts de hân jaan. Rients Wijnia syn tsjinstanner hie in daam yn de koarte hoeke en hy tocht ek ien te heljen. Lykwols hie hy him fersjoen. Hy pakte Hennie har daam, mar yn de selde slach krige se in daam yn de lange hoeke. Fuort dêrnei helle reage se sawat al Wijnia syn hout fan it boerd ôf, al moast se al efkes sjen oft se de slach wol goed die en dat alle houtsjes, dy’t se slaan koe der ek ôf giene. De omstyanners seagen dat se it goed besjoen hie. Yn it Fryske damjen kin men alle kanten út slaan en hjir wie dit in foarbyld fan. Dicky van der Meer doarde it oan om twa spullen fiif tsjin fiif, ek wol Frysk neamd, te dwaan, en wol tsjin Ype Boelens en Sjoerd Jan Bakker. Dat men rekken mei dizze man hâlde moat die no ek wer bliken. Tsjin Ype wûn er en tsjin Sjoerd Jan Bakker helle er kamp. Willem Schaap en Bauke Dijkstra hoden it ek lang fol yn in moai spul. Dijkstra seach de bui hingjen en koe net oanfalle, mar allinne ferdigenje, sa’t er sels sei. Nen ferrin fan tiid moast er weijaan om noch in kânske te hawwen. Dochs wie it tige dreech en úteinlik ferlear hy op tiid. Twa mannen , dy’t wy amper hearden wiene Jelle Wiersma en Pieter Hoogterp, dy’t damden foar de Fryslân Cup. Jelle rûn, sa as wol faker, sa no en dan de oare spullen ris bylâns. Lang wiene se wiis mei it hout en op it lêst waard der dochs wat ôfruile. Pieter hat de tiid meastal goed nedich en rekke ien achter. De tiid waard him needlottich en sa ferlear hy de partij.
     
    H. de Haan – R. Wijnia 1-0
    B. Bos – P. Borghaerts 0-1
    W. Schaap – B. Dijkstra 1-0
    D. v/d Meer – Y Boelens 1-0 (5 tsjin 5)
    D. v/d Meer – S. J. Bakker 1/2-1/2 (5 tsjin 5)
    J. Wiersma – P. Hoogterp 1-0 (Fryslân Cup)
     
     


    << Werom


    Sponsors:

    • Rabobank
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • D. Kuipers
    • Repko Sneek
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Narwal
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch