Jeugdkampioenskippen te Aldegea
Sneon 18 febrewaris wie de finale foar jonge dammers yn doarpshûs It Joo te Aldegea. Der waard spile yn trije groepen: begjinners, pupillen, jeugd.
Dielnimmers en útslaggen begjinners:
Ditmer Oppedijk (Blauhús), Watze Anne Postma (Waaksens), Jochem Lootsma (Goaiingea), Willem Kroon (Blauhús)
Ditmer - Watze Anne: 1-0; Jochem - Willem: 0-1
Watze Anne - Willem: 0-1; Ditmer - Jochem: 1-0
Jochem - Watze Anne: 0-1; Willem - Ditmer: 1-0
It kampioenskip wie dus foar Willem Kroon, in ambisjeuze jonge dammer út Blauhús. Mear as fertsjinne mei 3 oerwinnings! Ek it twadde plak gong nei Blauhús: Ditmer Oppedijk hie 2 punten. It treningsprogramma fan de Skyfkes kinne in protte oare klubs in foarbyld oan nimme! It tredde plak, 1 punt, wie foar Watze Anne Postma. Watze Anne wie de jongste dammer út it fjild mei syn seis jier, en dat er in finaleplak helle hie, wie ek al in hiele prestaasje. Datselde jildt foar it fjirde plak fan Jochem Lootsma út Goaiingea, ek al helle hy dan no gjin punten: hy is mei it damjen yn de kunde kommen troch it kampioenskip foar basisskoallen dat organisearre wurdt troch Tresoar, en der is by him yn Goaiingea noch net in klub dêr it er trene kin.
Dielnimmers en útslaggen pupillen:
Marije Frankena (Blauhús), Rauke de Hoop (De Gaastmar), Liuwe Meint Postma (Waaksens), Harmen Jacob Postma (Waaksens), Nynke Brouwer (Blauhús), Wiebren Ykema (De Gaastmar)
Marije - Wiebren: 0-1; Rauke - Nynke: 0-1; Liuwe Meint - Harmen Jacob: 1-0
Wiebren - Harmen Jacob: 1-0; Nynke - Liuwe Meint: 0-1; Marije - Rauke: 1-0
Rauke - Wiebren: 0-1; Liuwe Meint - Marije: 1-0; Harmen Jacob - Nynke: 1-0
Wiebren - Nynke: 0-1; Marije - Harmen Jacob: 1-0; Rauke - Liuwe Meint: 0-1
Liuwe Meint - Wiebren: 0-1; Harmen Jacob - Rauke: 1-0; Nynke - Marije: 1-0
Wiebren Ykema en Liuwe Meint Postma hiene beide 4 punten, en moasten dus noch in wedstryd spylje om út te meitsjen wa it kampioenskip op syn namme skriuwe mocht. Dat wûn Wiebren, en de kampioenstsjelke mei dus foar in jier nei De Gaastmar. Ek yn De Gaastmar witte se wat damjen is: de priis foar de bêste basisskoalledammer stiet dêr al twa jier by de femylje Ykema!
Tredde plak: Nynke Brouwer (3 punten); fjirde en fyfde plak: Marije Frankena en Harmen Jacob Postma (2 punten); sechsde plak: Rauke de Hoop (0 punten).
Ek foar dizze dammers jildt dat se in geweldige prestaasje levere hawwe, want se wiene mei har seizen oerbleaun út in oarspronklik fjild fan fjirtjin!
Dielnimmers en útslaggen jeugd:
Feike Wiegersma (De Gaastmar), Gonnie Schilstra (Lollum), Johannes Heins (Blauhús), Herre-Klaas Ykema (De Gaastmar)
Feike - Herre-Klaas: 0-1; Gonnie - Johannes: 1-0
Herre-Klaas - Johannes: 1-0; Feike - Gonnie: 0-1
Gonnie - Herre-Klaas: 0-1; Johannes - Feike: 0-1
Terjochte kampioen mei 3 punten: Herre-Klaas Ykema. In hiel fertsjintlik plak wie der foar Gonnie Schilstra mei 2 punten. Feike Wiegersma hie it tredde plak mei 1 punt, en spitigernôch moast Johannes Heins as fjirde sûnder punten nei hûs.
Hjirûnder de kampioenen op de foto mei de foarsitter fan de Fryske Dambûn Liuwe Westra.



Der komt noch in moaie wedstryd oan foar alle jonge dammers: sneon 4 maart wurdt yn Frjentsjer in iepen toernoai FRYSK! holden (Frysk damjen mei fiif skiven de spiler) foar alle leeftiden, en lykas op it toernoai op Tresoar yn novimber 2016 komt der wer in team út Itaalje, dizkear mei sân jonge spilers út Aosta. Dêrom wurdt foar it toernoai op 4 maart in spesjale priis foar de bêste jeugdspiler beskikber steld!
Tekst Liuwe Westra en foto Jappie de Jong
<< Werom
|