• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Strikers en Hartwert yn lykwicht

    Fansels moat der by sein wurde, dat de bank fan Hartwert ek sterk wie, mar likegoed beskôgen de Strikers de 6 – 6 as in moai resultaat. Nei de fernedering dy’t de spilers tsjin Nocht & Kriich oprûn hiene in wykmannich lyn, fielde dit suver as in oerwinning op harren sels. De gasten kamen manmachtich it Swettehûs yn rûgeljen. Mar leafst achttjin spilers. De Strikers koene dêr mar twa tredde part tsjinoer sette:tolve. Tsien manlju en twa froulju. It waard suver let foar’t der út ein set waard. Earst moast der noch wiidweidich it Fryslân Openoer eide wurde. De wrâldkampioen Frysk siet ek yn de seal: Taeke Kooistra. Oare sterke spilers op dat Open yn Frjentsjer krigen fansels ek efkes oandacht. As dan alle plichtplegingen dien binne, kinne de houtsjes ferskood wurde.

     

    Der ferskynden machtich moaie stannen op de buorden. Yn in tige sportive en gesellige sfear waard der djip neitocht. Us nestor kin ek djip neitinke, mar docht dêr oer it algemien net botte lang oer. Ek dizze jûn wie hy, Bauke de Boer, as earste út. Hy wûn tsjin Herman Scheltinga. Mei it beheljen fan dy earste punt, wisten de Strikers al dat se yn elts gefal in hûndert persint bettere skoare behelje soene as tsjin Aldegea. Doe bleau de teller stean op in healtsje. No gyng it sa’n bytsje om en om mei de punten. Op in bepaald stuit wie it 2 – 2. Uteinlik stie it wylst der noch ien spul siet 5 – 6. Soe de Striker dat punt pakke, dan wie it in lyk spul. It waard in punt al moat der by sein wurde dat de klok in beslissende rol spile. Dat heart no ien kear ek by it spultsje. Seis om seis. De Strikers koene de moedfearren wer wat pronkje litte.

     

    Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Taeke Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbenga 1 – 0; Willem Schaap – Fedde Wiersma ½ -- ¼; Bauke Dykstra – Jan Bouma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Teake Kooistra ½ -- ½; Dicky van der Meer – Germ Bruinsma 1 – 0;Ype Boelens – Klaas Abma 0 – 1; Bauke de Boer – Herman Terwisscha van Scheltinga 1 – 0; Paul Borghaerts – Piet Sikma 1 – 0; Hennie de Haan – Lieuwe Eringa 0 – 1; Rients Wynia – Douwe Namminga 0 – 1; Tineke Teigeler – Siebe Elsinga 0 – 1. Einstân: 6 – 6.



    << Werom


    Sponsors:

    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Leanbedriuw Okkema
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Narwal
    • Rabobank
    • Wiersma Wommels
    • Repko Sneek
    • Walinga
    • Attema Heeg
    • Noflik
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    Dizze webside is mei mooglik makke troch