Foeke Tiemensma fluchdamkampioen
Der moast freedtejûn 10 maart yn It Terphûs yn Hartwert in beslissingswedstriid oan te pas komme om de nije kampioen yn it fluchdamjen oan te wizen, want nei sân omlopen Switsersk systeem wiene der noch altyd twa koprinders. Taeke Kooistra en Foeke Tiemensma wiene beide utkaam op 6 punten.
De beslissende partij wie in moaie ôfsluting fan it kampioenskip. Alle 24 oare dammers stiene mûskestil om de beide stridende matsjedoaren hinne. Oan e ein fan e iepeningsfaze liet Tiemensma syn tsjinstanner op daam komme, en dy liet him doe tusken de lippen troch ûntfalle "it is ek sa!" De kombinaasje wie by de Hartwerter nammentliknet ûnbekend, mar hy wie him no al even troch it sin sketten.De daam wie net te hâlden, mar Tiemensma kaam sa al in hout foar. En ek al probearre Kooistra noch fan alles, it bliek uteinliks genôch foar it kampioenskip. Tiemensma bewiisde dêrmei, nei syn winst in wike earder yn Frjentsjer, dat er op it stuit yn in bloedfoarm stekt.
De nije kampioen hie miskien al it foardiel dat de âlde, Jelle Wiersma, syn titel net ferdigenje koe. Mar fierders wie de komplete top fan it Frysk damjen yn Hartwert ek wol oanwêzich. Fan harren skoarden Marten Walinga, Henk Haanstra en Hein de Vries krekt in punt minder as de beide finalisten.
Yn e B-klasse foel it damjen fan Sjoerd Teake Kooistra op. Hy kaam ek út op 5 punten, en dêrmei bewiisde er dat syn poerbêste prestaasje by it fluchdamkampioenskip fan 2016 gjin tafallichheid wie.
Der wie noch in jonge Hartwerter dy t der yn positive sin utrûn. Dat wie de man mei de langste namme: Herman Terwisscha van Scheltinga. Benammen yn it begjin fan e jûn rûn it foar him dat it slydjage, en pas doe t er him sa tusken de top yndamme hie, krige er in pear tebeksetters. Mar 4 punten yn groep C is fansels mear as kreas. It wiene likefolle as Piet Sikma byinoar skarrele hie. De doarpshûsbehearder waard by it frituerfet weiskuord om noch in beslissingswedstriid te spyljen, mar dy rûn foar good old Piet op e non. Hy sil syn gedachten tefolle by de yn it fet driuwende frikandellen hân ha.
Dêrnei koe oergien wurde ta de priisutrikking. Tiemensma waard foar in jier yn it besit steld fan de mânske wandeltsjelke. De oare priiswinders moasten it mei in drûge woarst dwaan. En de dammers dy t hielendal gjin priis hiene, dy koene ta treast altyd noch in frikandel bestelle.
Totaalutslach:
6 punten: F. Tiemensma en T. Kooistra.
5 punten: S.T. Kooistra, M. Walinga, H. Haanstra en H. de Vries.
4 punten: H. Terwisscha van Scheltinga, D. van der Meer, G.Schilstra, F. Wiersma, P. Sikma en F. Groenveld.
3,5 punt: K. Abma.
3 punten: R. Walinga, Sj. Schilstra, Tj. Wijbenga en K. Wiersma.
2,5 punt: C. Kooistra, S Dyk, J.J. Boschma en A. Boschma.
2 punten: L. Westra, J. Bouma, B. Haanstra en S. de Boer.
1,5 punt: B. Bos.
Punten neffens yndielde klassen:
A-klasse: 1. Tiemensma 6 punten; 2. T. Kooistra 6; 3-5. M. Walinga, Haanstra en De Vries 5; 6-7. F. Wiersma enGroenveld 4; 8. Wijbenga 3; 9. C. Kooistra 2,5.
B-klasse: 1. S.T. Kooistra 5; 2-3. Van der Meer en G. Schilstra 4; 4-5. R. Walinga en K. Wiersma 3; 6-7. Dyk en J.J. Boschma 2,5; 8-9. Westra en Bouma 2.
C-klasse: 1. Terwisscha van Scheltinga 4; 2. Sikma 4; 3. Abma 3,5; 4. Sj. Schilstra 3; 5. A. Boschma 2,5; 6-7. B. Haanstra en De Boer 2; 8. Bos 1,5.
 
<< Werom
|