• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
  • Kampioenskippen froulju 2017
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Damdei Hartwert frysk damjen tige slagge

    Damklup Hartwert e.o.

    DAMDEI HARTWERT FRYSK DAMJEN TIGE SLAGGE

     

    Hartwert. Salang as de damklup Hartwert bestiet wurdt der de earste sneon yn it nije jier in wedstriid hâlden en fansels damme wy dan Frysk Spul! No binne hja neffens my de ienichste klup wêr hja noch oardel oere op de klok krije op in wedstriid en kin it spul maksimaal trije oer duorje. It binne oeral fluchdampartijen mei dan tsien minúten, guon ha ek tweintich mar guon dammers fine dit noch it moaiste yn Hartwert want no moat der damd wurde en wa net mei syn tiid omgean kin, dy kin dit op sa’n wedstriid leare. Elk oardel oere en dat is foar de iene makliker as de oare.
    No is ek de dei fan Hartwert dat elkenien elkoar de bêste winsken noch tawinsket en dan liket it somtiden wol ris bytsje op in nijjiersresepsje! De Hartwerters hâlde der al rekken mei dat der in protte dammers komme en dêrom mei der oeral parkeard wurde sûnder dat hja in print efter it rút krije. Neffens my mei “wild plassen” hjir ek noch wol want sa midden yn de frije natuer, efkes yn de Hartwerter sleat, efter in beam as yn it boere fjild, it makket net út.


    Der wiene dammers dy diene as wie it fluchdamjen want wie al nei in oere út. Dit hie neffens my in reden want hja rûkten de hiele moarn de snert geur fan Jantsje. Fansels rûkten wy Jantsje net, mar de sop en snert rûkten en smakken sa lekker dat guon wol trije kear opskepten.. Guon damden en damden salang nei dat der eins net folle mear oer wie fan al dat lekkers en moast it dwaan mei in broadsje fette bek.

    De tritich dammers dy der wiene ha harren tige fermakke. Fia lotting waard elkenien yndield en yn klassen yndield en ik doar it wol te sizzen, in prima lotting! Der waard damd, strutsen, nei tocht (oer fouten en om te winnen), kofje dronken, fansels healwize ferhalen mar it gie fansels om it damjen en dat waard der dien!


    Om tsien oere naam foarsitter Fedde it wurd en wie tige optimistysk oer de opkomst op dizze Piet Sikma partij want op persoanlike titel stipet dizze man, dy altyd yn it sie siet (en wa net)!
    Ik kin wol allegearre ferhalen fertelle oer iepeningen wat net kin en koe, oer sleauwe setten, oer winst as ferlies yn it einspul mar it belangrykste wie dat der optimaal damd waard. Ik mei wol sizze, foar de leafhawwers in machtich moaie dei!
    Doe om in oere as sân de lêste partijen út wiene, is der noch altyd in lytse neisit om de dei efkes noch te evaluearjen mei de dammers dy noch net nei hûs wolle. It lêste sopke/snert wurdt efkes opmakke, de kuolkast efkes leech makke/dronken en it doarpshûs oan it ein fan de jûn opromme en sa hie en hat elkenien wer wille.



    << Werom


    Sponsors:

    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Repko Sneek
    • Leanbedriuw Okkema
    • Wiersma Wommels
    • Rabobank
    • Attema Heeg
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Noflik
    • Walinga
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • D. Kuipers
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    Dizze webside is mei mooglik makke troch