• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Jelle Wiersma kampioen fan Fryslân.

    Stadige Striker Jelle Wiersma is nei in twakamp mei Taeke Kooistra fan Hartwert moandeitejûn hjir yn it Swettehûs te Skearnegoutum kampioen fan Fryslân wurden. De wyks dêrfoar hie er al sa’n bytsje de basis lein foar dit resultaat: hy wûn doe de earste partij tsjin de man dy’t de titel ferdigene. Dat spektakel fûn plak yn Hartwert. Hy hie dus yn de twadde partij genôch oan kamp en boppedat soe in ferlies betsjutte dat se noch in kear moasten. No dat hoecht dus net. Om sa’n alve oere hinne liet er Taeke yn in moai loopke rinne en dêrmei wie de titel binnen. De Stadige Strikers binne fansels wakker grutsk op dizze prestaasje fan harren sterkste klupgenoat. Alle fjirtjin dammers wiene dan ek oanwêzich om sels te damjen en te sjen hoe’t Jelle it der ôf bringe soe. No goed dus. De blommen, it gouden tientsje út it jier 1932, de wikselpriis en in beker waard him troch de foarsitter fan it bûn oerhandige.

     

    Bauke Bos hie it aardich foarelkoar dizze jûn. Hy siet te damjen tsjin twa jonge froulju: Tineke Teigeler en Marjolijn Bakker. Der waard moai spile en Bauke krige aardich partij. Yn it bysûnder fan Tineke. Dy klapte der aardich op. Marjolijn fertelde wat in oar ferhaal. Dat komt ek omdat se net sa faak west hat dit jier. Sy koe it dan ek net hâlde tsjin Bauke. Doe koe de Sint Nykster him hielendal op it spul tsjin Tineke konsintrearje. Dat wie wol nedich. It soe ek fertuten dwaan, want sa mar ynienen koe er nei de daamline ta skowe. Dat sil fêst de bedoeling net west hawwe fan frou Teigeler. Lykwols kaam de lêste noch ferrassend werom en sleepte der remize út. Bauke Dykstra like Ype Boelens op te fretten. Hy stie der tige sterk op. It koe hast net mear stikken gean. Ype like raar yn it nau te sitten. Hy die lykwols wol wat in  spekulative streek. Hy hope op in bepaalde set fan Dykstra. In wol foar de hân lizzende streek. Bauke die dat ek, mar Ype liet doe sjen dat it net sa foar de hân lizzend wie. Hy koe nammentlik mei in pear moaie slachjes op daam komme en hie doe de partij yn de bûse.

     

    Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Rients Wynia – Paul Borghaerts 0 – 1; Tineke Teigeler – Bauke Bos ½ -- ½; Marjolijn Bakker – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Bauke Dykstra 1 – 0; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0; Jelle Wiersma – Taeke Kooistra 1 – 0.

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Walinga
    • Lip en partners
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Noflik
    • Rabobank
    • D. Kuipers
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Repko Sneek
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    Dizze webside is mei mooglik makke troch