• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
  • Fryslânkup ek foar Jelle Wiersma
  • Taeke Kooistra sterkste yn toernoai FR
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • It rint nei de ein mei de kompetysje.

    Ferline wike wiene der 14 leden paraat. Hartstikkende gesellich. Moandeitejûn wie it ek gesellich, mar it sechje “hoe meer zielen hoe meer vreugd” hat dizze wike wol wer sjen litten dat dat noch altiten wier is. Op ien nei de lêste jûn en dan sit it damjen der wer op en kinne de houtsjes wer efter slot en skoattel. Moandeitejûn waard der fansels noch wol spile en hoe, mar it is te merken dat it nei de ein fan de kompetysje rint.

     

    Tusken Bauke de Boer en Paul Borghaerts wie yn harren earste moeting net útmakke wa’t no de sterkste wie. Doe wie it resultaat remize. Moandeitejûn krigen de mannen wer de kâns om sjen te litten wa’t de bêste papieren hie. It soe in moai spul wurde, wêryn Paul der al gau wat better op kaam te stean. De Boer is fansels yn it damsâlt bebiten en joech him net sa mar ien twa trije oer. Se krigen beide in daam en Paul hie der noch in prachtich moai houtsje by. Dat houtsje stie sadanich dat De Boer koe mei syn daam gjin kant mear út. Altiten moast er dat houtsje slaan en fleach dan Paul syn habbige daam lyk yn de bek.

     

    Wynia koe it net hâlde tsjin Hennie de Haan. “Ik bin finaal út damme!” sa liet Wynia witte.Moarn noch mar even nei Blauhûs...... Dêr kin er dan Hennie mooglik ek wer treffe. Sa giet it mei dat damjen. Bauke Dykstra koe noch al in daam helje tsjin Sjoerd jan Bakker, mar wie dy ek fuort yn de folgjende set wer kwyt. Dêrmei wie it potsje ek út. Ype Boelens stie op winst tsjin Cor Kooistra. De lêste sjocht der neffens himsels neat mear fan. Dat die yn it einspul ek wol wer bliken mei as toppunt it fuort jaan fan trije houtsjes. Dan is it wol dúdlik dat hy der neat mear fan sjocht. Ype koe der net sa sear mei sitte. Hy soe net al te hurd ride nei syn hûs yn Menaam om mar hiel lang fan de oerwinning te genietsjen.

     

    Utslaggen: Rients Wynia – hennie de Haan 0 – 1; Paul Borghaerts – Bauke de Boer 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0.



    << Werom


    Sponsors:

    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Leanbedriuw Okkema
    • Noflik
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • D. Kuipers
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch