• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBŰN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Yt
  • Jorrit Renema kampioen skoaldamjen Hom
  • Dammers aktyf yn de simmer!
  • Simmerdamjen is los!
  • Jelle wint Fryslânkup
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie Ă»nferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai Ăşt ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar űngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bűnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Kampioenskippen froulju 2017

    Freed 7 april, tagelyk mei de no al legindaryske finale fan de Fryslânkup mei efter de skodoar in enervearjend toernoai FRYSK!, fûn it persoanlik kampioenskip Frysk damjen foar froulju plak yn Siesa te Blauhús.

     

    Dat hong earst ek nochal wat yn  it gat, mar yn  de lêste wike kamen der dochs genôch oanmeldings om der wer in skitterjend toernoai fan te meitsjen. Yn Blauhús wurdt op dit stuit in tige sterke nije ginneraasje froulike dammers foarme, en de omkes achten de tiid ryp om dy harren debút ek marris meitsje te litten yn in wedstryd dêr  t de measte Fryske dammers wakker fan dreame, mar de buorden en de houtsjes nei alle gedachten nea fan oanroere sille, of der moatte slim yngripende maatregels nommen wurde.

     

    Alsa stoepen Silke Homminga, Marije Frankena en Nynke Brouwer yn   de arena mei twa nammen dy t wy fan de Skearnegoutumer klub al wat langer kenne: Tineke Teigeler en Hennie de Haan. De wedstrydlieding wie yn hannen fan Siebren Dyk, dy t dat putsje der eefkes neist die by it ferdigenjen fan syn titel fan ferline jier. It die lykwols bliken, dy kombinaasje wie krekt wat tefolle foar de konsintraasje, dat nei twa omlopen koe Siebren him hielendal by de froulju bepale.

     

    De útslaggen:

    Silke - Marije: 0-1

    Nynke - Tineke: 0-1

    Marije - Nynke: 1-0

    Hennie - Silke: 1-0

    Nynke - Hennie: 1-0

    Tineke - Marije: 1-0

    Hennie - Tineke: 0-1

    Silke - Nynke: 0-1

    Tinke - Silke: 1-0

    Marije - Hennie: 0-1

     

    Dat, oan de ein fan de jûn wie der in kampioen: Tineke Teigeler út Skearnegoutum!! In geweldige prestaasje mei 4 punten út 4 wedstriden, en dat ek noch mei mesyk op de eftergrûn.! Lykwols, foar it twadde plak moast noch strutsen wurde tusken Marije, Hennie en Nynke. Dat waard dien yn spultsjes FRYSK! Hennie wûn tsjin Marije, en Nynke wûn fan Hennie, en doe wie it foar de fammen ek echt tiid om út de wei. De oare deis, 8 april, wûn Nynke noch fan Marije, dat sa waard Nynke twads. Alles mei alles in geweldich kampioenskip, dêr t wy fan hoopje dat it noch lang trochgean mei!

     

    (Liuwe Westra)

     



    << Werom


    Sponsors:

    • Attema Heeg
    • Repko Sneek
    • Wiersma Wommels
    • Noflik
    • Leanbedriuw Okkema
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • D. Kuipers
    • Walinga
    • Rabobank
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Narwal
    Dizze webside is mei mooglik makke troch