Dammers aktyf yn de simmer!
Gewoanwei seine de dammers nei it sneldamjen tsjin elkoar fan ‘In goeie simmer’, ek al soe de hagel noch tsjin de ruten kletse. Fan april oant en mei septimber murken jo fan it damjen neat. Dat is no wol oars!
Alderearst is der fansels it prachtige inisjatyf fan it simmerdamjen yn Hartwert, organisearre troch Piet Sikma. Alle tiisdeitemiddeis sit der in ploech fan in man of tolve yn it Terphûs te striken, foar de gesellichheid en it spultsje, mar fansels ek swier yn trening foar it nije seizoen. Spitich dat jo 55 wêze moatte om meidwaan te kinnen - de jongere dammers kinne har aansen mar klear meitsje!
Mar guon jonge dammers witte it boerd ek te finen. De Blauhústers Nynke Brouwer, Marije Frankena, Jurgen Popma en Willem Kroon, mei Marten Algra út Lollum, sille yn de earste wike nei Aosta ta om it dêr op te nimmen tsjin in Italjaansk jeugdteam ûnder lieding fan de poerbêste damtrener Paolo Faleo yn it spultsje FRYSK! Der wurdt fanatyk treend, en no docht ek bliken hoe moai oft it is dat de app der is. En wolle jim útfine hoet de jeugd strykt, dan kinne jo se altyd in kear útdaagje.
Tuskentroch hawwe Marten Walinga en Liuwe Westra nei in tinksportkongres ta west yn Kopenhagen, dat dêr troch de Universiteit organisearre waard. Op dat kongres, dat no foar de 20ste kear holden waard, wie al gauris ûndersyk prissentearre fan minsken dyt de skiednis fan it damjen útsochten. Mar frjemd, it Fryske spul wie dêr noch noait in kear by neamd ... Goed 80 minsken út 20 ferskillende lannen harken nei de lêzing fan Liuwe en seagen nei de powerpointprissentaasje fan Marten. Algemiene réaksje: wêrom hawwe se ús dit net earder ferteld?
En dan is de Stifting WFD, yn goed oerlis mei it bestjoer fan it Dambûn, ek al drok oan de gong mei de tariedings foar it earste echte Wrâldkampioenskip Frysk Damjen yn 2018. It Wrâldkampioenskip sil holden wurde yn de sportwike fan Kulturele Haadstêd, dus fan 3 oant en mei 10 augustus. Dêrfoar komme fansels noch de nedige kwalifikaasjetoernoaien. Jim hearre meikoarten mear!
<< Werom
|