• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Wikseljend sukses Fryske dambern yn Ytaalje

    PARSEBERJOCHT

     

     

     

    Wikseljend sukses Fryske dambern yn Ytaalje

     

    Ofrûne tiisdei wie der yn it Noard-Ytaljaanske Aosta in freonskiplike moeting tusken damploegen út Fryslân en Ytaalje. Beide tiims bestiene út fiif bern, en de "ynterland" wie sa opset dat sawol de Ytaljaanske fariant fan it damspul oan bod kaam as ek de Fryske. Dy lêste wie dan wol yn in wat ienfâldiger ferzje, mei de namme FRYSK!, in foech einspul fan fiif tsjin fiif houtsjes. 

     

    Hoewol t der yn it foar stevich oefene wie, koene de Friezen yn it Ytaljaanske spul gjin potten brekke, ek al stie it der yn it middenspul soms net iens sa raar op. Mar de ûnderfining fan de Ytaljaanske bern yn har eigen spul joech hjir dúdlik de trochslach. Der wiene fiif omlopen, en dus 25 partijen, en mar ien dêrfan waard wûn. It wie Marije Frankena út Blauhús dy t  dy ear tafoel. Likegoed waard hjir de tuskenstân 0-5.

     

    De fiif partijen FRYSK! wiene spannender. Al wiene de Italjanen goed, de Friezen wiene better. De earste omloopwaard wûn troch it Fryske tiim, de oare beiden waarden kamp (elk 2,5 punt), de fjirde waard 3,5 - 1,5 foar Fryslân, en allinnich de lêste wisten de Ytaljanen te winnen mei 3-2 (mei in skitterjende kombinaasje yn e lêste pot fan Jacopo Anania tsjin Marije Frankena). 

     

    De einstân mei FRYSK! waard dêrmei 3-2, mar de totale ynterland gong wol mei 3-7 ferlern. De Fryske ploech bestie út Marten Algra (Lollum) en de Blauhústers Marije Frankena, Jurgen Popma, Willem Kroon en Nynke Brouwer. Tongersdei komt de ploech wer op Skiphol oan.

     

     

    Foto: Jurgen Popma en Willem Kroon oan it damjen yn Ytaalje.

      



    << Werom


    Sponsors:

    • Wiersma Wommels
    • Narwal
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Lip en partners
    • D. Kuipers
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Walinga
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Leanbedriuw Okkema
    • Rabobank
    • Noflik
    • Repko Sneek
    Dizze webside is mei mooglik makke troch