• DAMCURCUS
  • FRIESDAMMEN APP
  • Kies uw taal:   Frysk   Frysk   Frysk  
    THÚS AKTUEEL FRYSK DAMJEN JONGEREIN DAMBÛN KONTAKT
  • NIJS
  • RUBRYK
  • AGINDA
  • ARGYF

    2017
  • Fol ferwachting kloppet myn hert
  • Lotting twadde ronde Fryslankup
  • Reportage schooltoernooi Frysk in Hea!
  • Skearnegoutum winner fan drokbesette m
  • dammerij yn Lollum no freed om fleispr
    >> meer

    2016
  • Utslaggen Wiersma Stryk-ta toernoai
  • De klok wie ûnferbidlik.
  • Damdei Aldegea, 17 desimber 2016
  • Wiersma’s stryk-ta partij
  • Jeugddammerij moai út ein mei toernoai
    >> meer

    2015
  • De Strikers net opwoeksen tsjin Hartwe
  • Foeke Tiemensma kampioen Frysk
  • Sneon 2 jannewaris 2016 damjen yn Hart
  • Loting Fryslânkup
  • Mei in needgong op nei de ein.
    >> meer

    2014
  • Keallerij, de toskedokter en oar ûngem
  • Titels foar Hennie de Haan, Bauke Dijk
  • Tineke bliuwt noch in wike yn de winni
  • Earste omloop kampioenskippen begjinne
  • Sil ik de krystbeam mar efkes útdwaan!
    >> meer

    2013
  • PK legere klassen en froulju yn Aldege
  • 1e foarronde persoanlike kampioenskip
  • Jelle Wiersma wint eigen toernoai.
  • Bûnswedstriid Jeugd en pupillen yn Clu
  • Verslag 55+ toernooi Blauwhuis
    >> meer

    2012
  • Dochs noch in moai protsje dammers.
    >> meer

  • Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe learling

     

    Ferline wike wie Sjoerd Huitema foar de earste kear oanwêzich by de Stadige Strikers. Doe hold de damklup de jierfergadering: de notulen en it jierferslach waarden troch de skriuwer Bauke Bos foarlêzen, en de stân fan de sinteraasje lei ponghâlder Ype Boelens út. Beide hearen hienen de saakjes goed foarinoar. Nei noch wat oare punten en nijtsjes stelde werkeazen foarsitter Cor Kooistra foar om ek noch mar efkes in pear potsjes te striken. Sjoerd Huitema gie doe ek syn earste potsjes skowen as Stadige Striker.

    Hy spile ôfrûne moandei tsjin Paul Borghaerts. De man dy t hiel thús is yn it hout. Ek de damhoutsjes kin hy hiel kundich fersette. Syn tsjinstanner dy t him no weaget oan it Fryske spul is in poerbêste Hollânske dammer. Hy spilet by trije klups en docht ek mei oan de lanlike kompetysje. Dus de man wit wat damjen is. Hy en Paul makken der in alderaardichste partij fan. Der wie eins oant it middenspul ta net folle fan te sizzen wa t no better stûn. Doe kaam Huitema mei in slach omheech en lei sa de lange hoeke fan Borghaerts lam. It soe úteinlik de winnende set wurde. En wat sei Sjoerd nei dat it út wie: “Dy slach omheech ha ik ferline wike fan Cor leard!” No dan kin men wol sizze dat de nijeling in rappe learling is.

    Jelle Wiersma spile tsjin twa tagelyk. Dat koste him net folle muoite, want binnen de koartste kearen hie hy beide âld-Hartwerters te pakken. Earst sneuvele Bauke Dykstra en in skoftkeletter stuts Cor Kooistra sels de kop yn de strûp. Wy ha heard dat er letter op e jûn noch wol in gelokje hie. Hy fûn in krekt oanriden jerke. Dy gie mei yn de fytstas. De oare deis ûnderweis nei Snits skeat it him te binnen dat de deade ein noch mei reizge. Thús hat er him tamakke. En hy moat ferskuorrende lekker west ha.

    Bauke de Boer de twadde foarich jier yn de twadde klasse moast it opnimme tsjin de nûmerien Bauke Bos. De Boer dy t jo noch presys fertelle kin wat de titels fan it Frânske, Ingelske en Dútske boek wienen dy t hy tachtich jier lyn lêze moast foar syn MULO-eksamen. Dan ha jo fansels in ûnthâld om jo tsjin te sizzen. It damjen fan de nestor like ek wer goed te gean oant it momint dat er him even grouwélich ferseach en sa Bos de winst kado joech.

    Utslaggen: Bauke de Boer – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Huitema – Paul Borghaerts 1 – 0; Jelle Wiersma- Bauke Dykstra 1 – 0; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1.



    << Werom


    Sponsors:

    • Noflik
    • Automobielbedrijf Jaarsma.nl
    • Repko Sneek
    • D. Kuipers
    • Walinga
    • Leanbedriuw Okkema
    • Makelaardij Jan de Lange
    • Wiersma Wommels
    • Zeinstra Blauwhuis
    • Narwal
    • Attema Heeg
    • Bloemhof Schilder Hartwerd
    • Lip en partners
    • Rabobank
    Dizze webside is mei mooglik makke troch